Aginda 22-10-17: Baskyske literêre middei yn Koarnjum

logo.ensafh

Op 22 oktober organisearret Syds Wiersma foar Other Words in Baskyske literêre middei. Dy wurdt holden yn De Wier, it húskeamerteäterke fan Bob de Boer yn Koarnjum. Literêr tydskrift Ensafh is der ek by belutsen, omdat de redaksje in temanûmer oer de Baskyske literatuer oan it tarieden is.

De Baskyske gastskriuwer (namme noch net bekend) dy’t foar Other Words yn ‘e hjerst yn Fryslân is en de skriuwers Bart Kingma en Gerard Marcel de Jong , dy’t beide yn San Sebastián sieten, wurde dy middei ynterviewd en trede op. Dichters belutsen by it temanûmer fan Ensafh bringe poëzij yn Baskyske oersettings en der is Baskyske muzyk. De presintaasje fan de middei is yn hannen fan Karen Bies.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *