Culturele Hoofdstad fopte de jury

logo.ensafh

Ach, relativeerde de woordvoerder van Leeuwarden Culturele Hoofdstad 2018, zo’n verwacht bezoekersaantal is ‘ook maar een marketing tool, een commercieel vehikel, om de jury over te halen.’ Die fopperij is dus gelukt. In mijn kroeg noemen ze zulks de kluit belazeren.

Lês fierder by Wiebe Pennewaard op Fryslân1

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “Culturele Hoofdstad fopte de jury

  1. Op himsels wol in aardich, kritysk stik fan Pennewaard. Mar it sit oars. It is net de kulturele haadstêdorganisaasje dy’t de European capital of culture (ECOC)-sjuery mislaat hat. It binne it provinsjebestoer en it bestjoer fan de gemeente Ljouwert dy’t har boargers mislaat hawwe.
    As ien of oare private organisaasje, want de stichting kulturele haadstêd is in private ûndernimming, reklame foar himsels meitsje wol, troch bygelyks oerdreaune besikerstallen te neamen, dan moatte se dat sels witte. Besikerstallen binne in marketing tool, dat wit elkenien en de ECOC-sjuery wit it ek wol, en boppedat is reklame mei besikerstallen, hoe fantasyfol ek, net neidielich, lit stean skealik foar de boarger.
    Hiel oars is it mei de de autoriteiten fan Fryslân en Ljouwert. Want doe’t der op 18 juny 2017 (opnij) ekstra miljoenen iepenbier jild, dus jild fan de boarger, nei de stichting kulturele haadstêd ta “moast”, hat deputearre Poepjes, mei wethâlder Feitsma fan Ljouwert neist har, dat motivearre nei de boarger ta, net nei de sjuery. En hja, Poepjes, die dat sa: sûnder de ekstra ynjeksje om de begrutting op oarder te krijen, dus de besteande begrutting fan de kulturele haadstêdorganisaasje op basis fan de bedoelde 4 miljoen besikers (sjoch Voortgangsrapportage 1 oktober 2016 t/m 31 december 2016 bij het projectplan Leeuwarden-Fryslân 2018), soene de doelstellingen fan de kulturele haadstêd (bidbook) net helle wurde (http://www.omropfryslan.nl/nijs/718795-miljoenen-euros-ekstra-foar-kulturele-haadsted ; https://www.nrc.nl/nieuws/2017/05/18/4-miljoen-euro-extra-voor-leeuwarden-culturele-hoofdstad-2018-9318579-a1559387).
    Dus de sjuery is ‘sjarmearre’ mar net mislaat, troch in private ûndernimmer dy’t it frij stiet om reklame foar himsels te meitsjen — mar de boarger is flink mislaat, en wol troch syn eigen bestjoer.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *