Cornelis van der Wal

De lêste sinne

logo.ensafh

Klaas de Groot wie klear mei it ynfieren fan nije data foar it wurkleazeprojekt fan ’e gemeente, dat er tegearre mei Tiny Schaap, strange bril en knotsje, opsetten hie. Hy speake him ris noflik út, syn lang ljocht krôljend hier hong oer de rêch fan ’e burostoel hinne. In soad tiid om by te kommen krige er spitigernôch net. It byldskerm knippere: der wie in oertrêding konstatearre op ’e Asingapôle, by de famylje Kaastra. It soe ek net sa wêze, dat wiene streekrjochte aso’s. Klaas beseach noch efkes koart it dossier fan de famylje, it wie benammen Berend Kaastra dy’t geregeld foar problemen soarge hie. Klaas hie der wol nocht oan, efkes nei bûten ta.

By de útgong stiene twa gewanten uniformearre keale keardels yn ’e hjerstrein te wachtsjen; se knikten freonlik, en swijend folgen se De Groot nei syn reade tsjinstauto. Fia in skerm op it dashboard fan de auto koene de trije manlju folgje wat der te rêden wie op ’e Asingapôle. Sûnt seis jier wiene alle wenten ferplichte foarsjoen fan kamera’s; it oantal misdriuwen wie mei mear as de helte weromrûn. No dan. Berend Kaastra siet, klaaid yn in soarte fan overal sûnder himd dêrûnder, ûnder in ôfdakje efter hûs it iene fleske bier nei it oare te konsumearjen. Kaastra wie noch mar in wykmannich út it wurkkamp yn Gaasterlân wei, en stie noch ûnder bewâld fan de Sosjale Tsjinst. Betingst foar syn frijlitting wie ûnder oaren dat er gjin alkohol en/as drugs brûke mocht. Hy wie him wol bewust fan de kamera, hy proaste prústend fan dronken wille yn de rjochting fan it loerend elektroanysk each. Syn iepenskuorde mûle sieten noch mar in stik as trije ferdwaalde giele tosken yn.

De Groot starte de motor en spruts de bestimming yn. Hy mocht hiel graach oer dizze twadde generaasje selsridende auto’s, jo hiene der gjin omsjen mear nei. De auto waard in pear strjitten fierderop delsetten, yn de Boazumerpôle, dêr’t in parkearpleintsje wie. It wie aldergeloks ophâlden fan reinen; it sintsje kaam der efkes troch. Klaas, in grut reizger nei fiere oarden, draaide de holle nei de sinne ta, die de eagen efkes ticht, en stelde him efkes foar dat er wer yn Súd-Afrika wie. Dêr mochten oars al sa’n tsien jier gjin blanken mear komme, mar…

“Wat mut dat hier, steltsje mongoalen in jum apepakjes,” rôp in ûnfersoarge sloofke mei trochrikke stim. Se stode mei grutte faasje op in skurve skooter foarby en wie al fuort foar’t it selskip reagearje koe. It kenteken waard lykwols automatysk opslein troch de deteksje-apparatuer dy’t De Groot syn trawanten by har hiene. De oanbelangjende persoan soe meikoarten wol spyt krije fan har wurdkar.

De mannen bedarren by de Asingapôle, it wenhûs fan Berend Kaastra wie oan de ein fan de strjitte. Klaas de Groot rûn foarop; de uniformearre kleankasten folgen. De Groot syn hier wappere fleurich yn ’e wyn. Efter de ruten ferskynden de nijsgjirrige antlitten fan de sosjaal en yntellektueel net sa ryk bedielde wykbewenners. “Ut liekt wel un wief!” sa hearden se troch in iepen rút roppen. Is hûsnûmer waard notearre.

Klaas hearde it sjongen en razen al fan fierrens. “We hewwe un woanskip, en ut leit inne Singel…” Kaastra wie net allinnich, sa te hearren, it klonk as in twaddehânsk shantykoar fan sa’n tsien man grut. Dat wie noch te sunich ynskatten, sa die bliken doe’t it trijetal manlju fan de Ljouwerter Sosjale Tsjinst by it hûs oankaam. Der wiene op syn minst tritich persoanen, de measten manlju, yn de eftertún fan Kaastra samle. Tusken harren yn stiene kratten bier fan ferskate merken, en der rûnen in stikmannich Dútske hoeders en pitbulls om. Oan ’e sydkant fan ’e tún, deun by de stoepe, lei in grutte steapel bakstiennen. Ien fan de uniformearre gorilla’s krige it ynienen troch en rôp: “Wy moatte hjir wei, mannen,” mar it wie al te let. As hiene se der moannen op oefene, sa rap gie it. It like wol oft de bulte bakstiennen troch in wynpûst meinaam waard, mar it wiene de manlju út Kaastra syn tún, dy’t ûnder lûd geraas de stiennen yn de rjochting fan de trije manlju soalden. Klaas de Groot waard oan it rjochterear rekke, hy blette as in ko en dûkte earst efter in kemper wei, mar draafde, doe’t er seach dat de binde syn kant op kaam, yn de rjochting fan in sydstrjitte. Hy kaam lykwols net fier, in stien rekke syn efterholle, hy foel oer in hage hinne en waard ûntelbere kearen mei kneppels en izeren stêven op ’e holle slein. Skuon mei stielen noazen trapen him fûleindich yn it liif. Syn milt skuorde, syn rêchbonke bruts. Tenei gjin fakânsjes mear foar Klaas de Groot. Yn syn holle ûntplofte de lêste sinne.

 

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *