Teleks: Dichters fan Fryslân geane los

logo.ensafh

Parseberjocht 13-09-2017

Kollektyf ropt Provinsjale Steaten op om inisjatyf te stypjen

It kollektyf DichterS fan Fryslân ropt Provinsjale Steaten op om fan de ferkiezing fan in Dichter fan Fryslân ôf te stappen en it dichterskollektyf de gelegenheid te jaan om Dichter fan Fryslân ta in grut súkses te meitsjen. Om syn oprop krêft by te setten giet it kollektyf dizze wike alfêst los.

Foarige wike tongersdei hat deputearre fan kultuer Sietske Poepjes reagearre op it foarstel om Dichter fan Fryslân yn 2018-2019 troch in grut kollektyf fan Fryske dichters dwaan te litten. Telefoanysk liet se de groep witte dat sy it plan in prachtich idee fynt, ek mei it each op LF2018. Se hat provinsjale stipe tasein om it plan te realisearjen.

Goed nijs. No de stipe fan Provinsjale Steaten noch. Want it kollektyf bliuwt by syn krityk op de proseduere foar de ferkiezing fan Dichter fan Fryslân en is fan miening dat dy yntusken in farce wurden is. Betûfte dichters dogge net mei nei krityk op de proseduere en dichters mei minimale ûnderfining tinke nei útspraken fan de deputearre yn de media dat se – as ‘amateurdichter’ – kâns meitsje. Wy fine dat in kollektyf fan Fryske dichters it Dichterskip fan Fryslân better, spannender en fernijender foarmjaan as in yndividuele dichter.

Om de oprop oan Provinsjale Steaten krêft by te setten, set it kollektyf dizze wike al út ein. Der is in Facebookside DichterS fan Fryslân iepene, dêr’t dielnimmende dichters yn ’e oanrin nei 2018-2019 alfêst gedichten oer aktuele saken yn Fryslân (en de wrâld) op pleatse. Sa wurdt toand dat de Fryske poëzij libbet as in hert en dat Fryslân en de wrâld op in mearstimmige, poëtysk nijsgjirrige wize aktualisearre wurde kin: kritysk, boartlik, stikelich, ferwûnderjend, engazjearre, lyrysk, humoristysk, belutsen, absurdistysk, to the point, …

Der slute har noch hieltyd nije dichters by DichterS fan Fryslân oan. De groep bestiet no út 25 dichters: Willem Abma, Erik Betten, Pier Boorsma, Pieteke de Boer, Eppie Dam (op ‘e achtergrûn), Anne Feddema, Edwin de Groot, Tsjisse Hettema, Hein Jaap Hilarides, Eric Hoekstra, Yva Hokwerda, Sytse Jansma, Elske Kampen, Bartle Laverman, André Looijenga, Aggie van der Meer, Henk Nijp, Simon Oosting, Sipke de Schiffart, Jacobus Smink, Geart Tigchelaar, Jaap Veenstra, Abe de Vries, Syds Wiersma en Piter Yedema.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *