Kollum Ferdinand de Jong: CNN

logo.ensafh

As der hjir of dêr in natuerramp plakfynt is dat fansels tige slim. Op ien fan de Nederlânske eilannen dy’t net by it Waad hearre wie dat ôfrûne wike goed te sjen. Of eins: net te sjen. Want doe’t de orkaan Irma, wat in leave namme foar sa’n meunster trouwens, dêr har ferwoestings oanrjochte, foel oeral de stroom út en wie Sint Maarten foar it grutste part âlderwetsk net te berikken. Dat is dochs in bytsje in byld dat je ha by in echte ramp. Dat it sa slim is dat de stroom útfalt en dat der auto’s op it dak fan in hûs belânje. Mar dat sjogge je pas letter, as in helikopter de earste fisuele opname makket fan it troffen gebiet.

Lês fierder by Omrop Fryslân

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *