Teleks: Grut tal oanmeldings foar Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Grut tal oanmeldings foar Dichter fan Fryslân

Mar leafst 36 dichters hawwe sollisitearre nei de funksje fan Dichter fan Fryslân. Oant en mei 10 septimber koenen kandidaten sollisitearje nei Dichter fan Fryslân troch in Frysk gedicht en in koarte motivaasje yn te stjoeren.

Fan hjoed ôf oan kin ek it publyk syn stim hearre litte. De sjuery, besteande út Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier, hat út alle ynstjoerings in foarseleksje makke fan trije kandidaten. Op de webside fan Dichter fan Fryslân: www.dichterfanfryslan.nl kin elkenien fia in stim op syn of har favoryt gedicht, fan ien fan dy trije kandidaten, in foarkar trochjaan.

Dêrnei bepaalt de sjuery, mei it achtslaan fan de publyksstimmen, wa fan de trije kandidaten foardroegen wurde sil as earste Dichter fan Fryslân. Op freedtemiddei 24 novimber makket deputearre Sietske Poepjes yn de Herman Gortertsjerke yn Balk bekend wa’t de provinsje beneamd hat as earste Dichter fan Fryslân.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op