Blog Sigrid Kingma: Nominearre foar Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

No kinne jim stadichoan wol riede wat der te rêden is, dus ik it net langer útstelle. Ik bin nominearre foar Dichter fan Fryslân! No wit ik ek hoe’t it fielt om nominearre te wurden. Twa oaren dogge mei om de titel en nije wike is de útslach bekend. It soe machtichmoai wêze as ik it wurd! No wurde earst de trije gedichten tentoansteld en mei elk stimme, wat foar 20% meitelt yn it einoardiel. Dat is wol grappich, want it is anonym (hoewol it goed mooglik is dat it gedicht oer Peter Tuinman fan Peter Tuinman is, mar dat kin fansels ek dichtershumor wêze). Sels wit ik ek noch net wa’t de oare twa binne. Ik bin benijd oft jim myn gedicht herkenne. Foar de trouwe lêzers sil dat gjin probleem opleverje.

Lês fierder by Sigrid Kingma

4
Reageer op dit artikel

avatar
4 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
Cornelis van der WalEddy Drost Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Eddy Drost
Gast
Eddy Drost

Ik wit it, ik hie sein hjir gjin reaksje mear te jaan. Mar dochs. Op Facebook ha ik lêzen dat frou Kingma belutsen wie by de opset foar de nije dichter. No is sy ien fan de trije kandidaten. It moat net gekker wurde.
Boppedat.
De Sjuery hâldt it anoniem en dan skriuwt frou Kingma dat sy ien fan ‘e kandidaten is….????

(bewurke troch de redaksje)

Eddy Drost
Gast
Eddy Drost

Wat no redaksje… De wierheid hat in skel lûd?
Dit is dochs net mear te leauwen. De sjuery hâldt it anoniem en no wurdt it in Facebook aksje..?? Wa’t de measte freonen har wurdt no Dichter fan Fryslân?
Wêrom set de sjuery de nammen fan de kandidaten der net by?
It is in soadsje!
Jou dan de oaren mar de kâns en set Afûk, Tresoar

Eddy Drost
Gast
Eddy Drost

En de Fryske Akademy bûtenspul. Myn mobieltje wie wat te fluch. Ekskuses.

Cornelis van der Wal
Gast
Cornelis van der Wal

Bêste Eddy,

wy lûke de grins by persoanlike misledigings.
Dy binne ek net nedich by it ferkundigjen fan
in miening, no.

Bêste groetnis, Knilles.