Aginda 06-10-17: Iepening Troelstra útstalling

logo.ensafh

By Tresoar is fan 6 oktober ôf in permaninte útstalling oer Pieter Jelles Troelstra te sjen. Dy útstalling is in ûnderdiel fan Lân fan Taal dat by LF2018 heart.

​In tiidline nimt de besiker mei, dy komt dêrtroch neier yn ‘e kunde mei Troelstra, de mins, de steatsman, mar (benammen) ek de dichter. Der wurdt stilstien by barrens, dy’t him ynspirearren ta it skriuwen fan gedichten, lykas de dea fan syn mem, de leafde en de striid foar in rjochtfeardiger wrâld.

By Troelstra kin lykwols gjin absolute grins lutsen wurde tusken syn skriuwerij en syn wurk as advokaat, of yn de polityk. It ien fiede it oare en oars om.

‘De eigenwijze muis’ is wierskynlik it earste, noch yn it Nederlânsk skreaune gedicht dat Pieter Jelles Troelstra skreau. Hy wie doe’t tsien jier âld. Op syn 17de begûn Pieter Jelles yn it Frysk te skriuwen. Mei syn gedichten, lieten, toanielstikken en ek sjoernalistike teksten sette hy syn politike fyzje op de maatskippij útien.

Belangstellenden binne wolkom om de iepening by te wenjen.

Fan 15.00 oere ôf is de ynrin en it programma begjint om 15.30 oere:

Iepening troch Bert Looper, direkteur TresoarLêzing oer de dichter Troelstra troch Abe de VriesPresintaasje fan ‘de jonge Piter Jelles’, skreaun troch Bertus Mulder Lêzing troch Bertus Mulder oer syn boek. Bennie Huisman sjongt inkele Troelstra-lietenGelegenheid om de útstalling te besjen en it boek te keapjen.

Sjoch foar mear ynformaasje by Tresoar

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *