Geart Tigchelaar

Mei in Weltschmerz-sigaarke yn ’e mûle de wrâld beloaitsje

logo.ensafh

Ferline jier is by Hispel de nije bondel, in echte Fries, fan Bartle Laverman ferskynd. Der steane ek in tal skilderijen fan syn hân yn, fandêr de ûndertitel gedichten & schilderijen. Nee, it is gjin tikflater, it stiet der mei ‘sch’, dus op syn Nederlânsk. De reden dêrfoar is grif om’t alle wurken in Nederlânsktalige titel drage. By de earste twa gedichten soest noch in beskate ferbining sjen kinne mei it byprinte skilderij. Mei de oare skilderijen is dat dreech, sels mei in sterke mjitte oan goede wil. Mar wêrom soe dat ek moatte? De bondel jout gewoanwei in bewiis fan it artistike kinnen fan Laverman.
De dichtbondel is yndield yn fiif skiften. Dêr’t it tredde mei de titel ‘oan ’e ein fan de maitiid’ benammen oer de dea giet, liket Laverman mei it fjirde skift bewize te wollen dat der oan it libben gjin ein komt. Yn dat skift mei as namme ‘syklus’ begjint it titelgedicht mei ‘hiest it freegje kinnen / oft dyn begjin in sprút / fan wylde wille wie’ (s. 42) en einiget licht iroanysk yn ‘de wille / om it erfskip’. Men ferwachtet dat er dy line trochset yn it skift mei de namme ‘hjerstliet’, mar dêr is it earder wat smûk, nostalgysk en reflektearjend: ‘en as de bel giet / doch net iepen / mar freegje skûlplak yn in tiid’ (s. 52) en ‘jawis: ambachtlik stookte genever’ (s. 52). Mar it lêste fers dat Laverman de namme ‘in begjin’ meijûn hat, liket de dichter syn nocht te hawwen fan alle ellinde yn ’e wrâld en komt er mei in humoristyske oplossing: ‘it moat no mar ris út wêze / mei dat fernielen / betink ris wat oars!’ (s. 57). It liket him de baas dat better So you think you can dance?! it nije oarlochfieren wêze kin. Dat soe yn alle gefallen in begjin wêze, sa einiget er it gedicht en de bondel.
Laverman liket betiden swier op ’e hân te wêzen, mar de kwinkslach is nea net fier fuort. Dêrmei relativearret er saken op iroanyske wize om sa de lêzer net mei in droevich moed sitte te litten. Hy nimt ek mei alle leafde dingen op ’e hakke dêr’t it earste gedicht mei deselde titel as it skift (‘in echte Fries’) fuortdaliks al fan tsjûget. De ik-persoan kin net keatse noch ljeppe en hat gjin alvestêdekrús mar freget de ‘mienskip’ wol om him dêrta op te nimmen mei’t er ienris in ljipaai fûn hat. Dy term dy’t nei it bidboek fan 2018 in hege flecht nommen hat, nimt Laverman fierder mei nei it neikommende gedicht dat ‘mienskip’ as titel hat. Yn dat skift pakt er fierdere tema’s oan as it Frysk, slach by Warns, Bildtkers en Grutte Pier.
Der binne gedichten dy’t men earst fiif kear oerlêze moat om mar in glimp te heinen fan wat de dichter eins sizze wol. Guon poëzijekenners miene ek dat soks wizânsje wêze moat. Laverman steurt him dêr net oan, sadat it meastepart fan de fersen dy’t yn ’e bondel stean skoan nei te kommen binne. Hy ropt in byld op en docht dat gauris mei humor en irony. Eat dat net elke dichter húsriem is, dat ek dêrom is Laverman in noflike ôfwiksel. Fan in ôfstantsje sjocht er it allegearre oan om dêrnei op Lavermaniaanske wize de saken in stikel te stekken. Oan ’e ein fan it gedicht wol er der gauris in skepke boppe-op dwaan mei in útsmiter. In útsmiter dy’t de iene kear better wurket as de oare kear. In foarbyld fan in gedicht dêr’t it nei myn ynsjoch wat minder yn wurket:

1345

it like wol
as wiene wy
oan it meanen
sa sloegen ús seinen
suver tagelyk
oer it somplân
de koppen fan dy grynders
dy’t fan oer it grutte wetter
oanlâne wiene

wy
wend om te slachtsjen
ús baarch
de âlde ko
it bollekealtsje
wiene net oeral te krijen
fan harren bloed
op ús baaitsje

en doe’t it dien wie
wie der bier
(s. 13)

Mar yn it gedicht ‘dit mantsje’ (hat de dichter Cornelis van der Wal net oktroai op ‘mantsje’?) wurket de útsmiter wol. Sa flau net. Freegje net wêrom krekt. Is it dat it mear engazjearre is? It minder derby skuord liket te wêzen? Jo as lêzer meie it sizze.

dit mantsje

no noch in mantsje
sûnder skuld of kwea
tsien wike
yn dit Friezelân
en noch altyd
laket er

straks hyt er Pier
sa grut
en lulk
hy soademitert
skipfolk
fan in oare stam
sûnder betingst
it kâlde sâlte wetter yn

syn hollehakkersswurd
út grutske relikwy

teken foar frexit
(s. 15)

Yn it twadde skift, ‘De Laverman’, kin de lêzer efkes lekker weidoarmje yn in suver wat mytyske wrâld. De dichter siket net nei heechdravende wurden, mar bytiden hie it eatwat minder klisjee kinnen:

de winter wie al ûnderweis
mei swiere loften
fol kâld wetter
en nearne skûl
foar syn trochkringende wyn
(s. 22)

Mar dan komt ‘de oanspielder’ dy’t ús suver in saga foarset mei in noardman dy’t op de Ierske kusten oanspielt. Ek hjir nimt Laverman ús mei yn in oare wrâld mei in pear wurden sa’t elk gedicht in eigen wrâldsje op himsels is. En by Laverman is it prima nei te kommen, sadatst net dyn hiele poëtyske arsenaal oan hoechst te boarjen.
Dat betsjut net datst gjin foer ta neitinken krigest en dat der wol deeglik fersen binne dy’t krekt wat mear fan ’e lêzer fergje. Ik soe hast sizze wolle dat dy om dy reden just wat sterker binne, mar se binne by neier ynsjoch gewoan oars. Heechdravende lyryk is fakentiids makliker te skriuwen as in gedicht dat goed yn syn ienfâld is. Plof del yn in noflike stoel mei de toffels oan ’e fuotten, stek in Weltschmerz-sigaarke oan en nip rêstich fan in jonkje en dûk sa yn de wrâld fan Laverman mei syn Fryske gedichten en Nederlânske skilderijen en oardielje sels. Of better sein, sjoch troch de eagen fan Laverman nei de wrâld dy’t er fan in ôfstantsje beskôget.

ferballe dream

der is net folle moaier
as in nacht yn it neijier
me in tichte tekken damp
kâld oer it lân en
dêrboppe it folle ljocht
fan de moanne

alle reden foar in
Weltschmerz sigaarke
en de treast fan
jawis: ambachtlik stookte genever
de jachthûn
oan dyn aigle-learzen
sjocht glânzjend omheech

smytst noch in blokje ikenhout
yn it snoarkjende duveltsje
soest no oan Grutte Dingen
tinke wolle
hjir yn dyn eigenmakke hutte
of in fiif stjerren fers skriuwe
yn dripkjende inket

mar skrikst
fan in roffel op de doar:

de nachtmerje
(s. 53)

Bartle Laverman
in echte Fries
Hispel, Wiuwert 2016
ISBN: 978-90-74516-20-4
Ferkeappriis: € 14,00

Sjoch ek Geart Tigchelaar syn fideobesprek fan In echte Fries.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *