Anne Feddema

Ars Helvetica, Musica Sacra

logo.ensafh

De iene nei de oare berch yn Switserlân, in friesgrafyk fan haaietosken. It suver, té kreaze jodela-E.T.- lân, dêr’t je mar komselden in fertutearze wente of sels mar bargehok tsjinkomme. Jo eigen Kuifjekollumnist AHBF út L. wie dêr dus. Ik haw mysels opoffere foar de goede ensafh-saak en gong mei mei in organisearre groepsreis fan de hillige Sint Peter Langhout. Mei dy ûndernimmer reizgje is altiten bysûnder en aventoerlik, want je witte nea wat jo krije sille foar je jild. De iene kear sliepe je yn ’e djoerste hotels en keamers; twa oernachtings dêr, betelle as bûten-in-groep-reizger, binne dan al de helte fan it hiele reisbedrach, tsien dagen fuort op basis fan healpensjon. In oare kear sitte je yn âld-eastbloktinten, brún fersliten, dêr’t noch mar krekt de ôfharkapparatuer út ’e stopkontakten weihelle is.

In groepsreis, de namme seit it al, is in reis yn en mei in groep, besteande út in grut ferskaat oan minskefolk. Op it begjin fan sa’n reis kenne jo noch gjin kop en oan ’e ein derfan hienen je dat faaks ek wol sa hâlden wollen. No net oerdriuwe âlde Feddemautist, nee hear, oer it generaal binne it gewoane, gauris wat âldere, pensionado-eftige persoanen, mei eigen – aldergeloks – libbens en alles dat derby heart oan langstmen, leafde en fertriet… Dat hoech ik allegearre net te witten. Ja as romanskriuwer en dichter miskien, mar ik bin ynhierd as kollumskriuwer oer byldzjende keunst, alsa nei de keunst fan en yn Switserlân. Hawwe se dêr eins wol keunst? De bergen binne gjin keunst, dat liket my al dúdlik, mar se hawwe fansels wol in behoarlik grutte ynfloed hân op Switserske en ek bûtenlânske keunstners. Ik neam efkes wat ferneamde Switserske keunstners, waans wurk jimme dan wol opsykje kinne fia de digidyk. Le Corbusier, arsjitekt (1887-1965) Jean Tinguely, byldhouwer (1925-1991) Alberto Giacometti, byldhouwer, skilder (1901-1966) Sophie Taeuber-Arp, skilder, ûntwerper (1889-1943) Ferdinand Hodler, dé berchskilder (1853-1918) Cuno Amiet, tige nijsgjirrige skilder (1868-1961) en ik tink wol de ferneamdste: Paul Klee ( 1879-1940 ). Der binne folle mear fansels, ék âldere en hiele goede, hear (Jean-Etienne Liotard, Angelika Kauffmann). Ik soe sizze… mei de eagen mar moai fierder weidzje op jimme skermkes.

Mar hoe komme jo, yn ’e goedichheid, as finzene yn en fan in groepsreis by de frije keunst yn in museum? Fan tefoaren hie ik al lêzen dat we op ’e ien nei lêste reisdei, de kwânskwize haadstêd fan Switserlân, Bern, besytsje soenen. Ik sis kwânskwize, om’t it lân eins gjin werklike haadstêd hat. Dat hat te krijen mei de ferskate kantons. Kantoneesk is net myn memmetaal, dus as jimme dat ek efkes opsykje wolle… graach. It is in ynteraktive kollum, no? It die bliken dat Bern in geweldich museum hie. Watte?! Wol twa séls (en eins wol mear… Einsteinhaus, ensfh.) It Kunstmuseum Bern mei in bysûnder moaie kolleksje én it Zentrum Paul Klee. It lêste museum koe ik lykwols nea in besite oan bringe, yn ’e twa oerkes dat wy yn it sintrum fan Bern taholden, it leit nammentlik yn in bûtenwyk. Gjin noed en net oer my ynsitte, dát wurdt gewoanwei wer in aparte ûndernimming. Sa wurdt de Arsbucketlist koarter en koarter, rju achte lêzers.

De bus stoppe en ik naaide der sa gau as mooglik tuskenút, as it Wite Knyn mei it horloazje yn Alice yn Wûnderlân… Gjin tiid… gjin tiid… as in spear nei it museum. Ik hie it samar fûn, rûn tafallich yn ien kear goed nei de Hodlerstraße, dêr’t it museum te finen is. Ik deryn, yntree… twaentweintich switserske franken(in 19 euro) om alles, fêste kolleksje én ekstra útstallings, te sjen. Dêrnei begûn jimme fisuele keunstomivoar te fretten. Ik betwong it iene hichtepunt nei it oare… de Eachalpinist.

Sa as wol faker bart by myn museumbesites yn it bûtenlân waard ik hommels oerweldige troch wat ik tsjinkaam. Foarbyld: yn it Keunsthistorisches Museum Wien hie ik dat ferskate kearen sels… Ik gong in hoekje om en stie… baam… foar it grutste en ferneamdste wurk fan Johannes Vermeer… Allegoary op ’e Skilderkeunst; je kinne wol witte dat sa’n museum dat wurk hat mar it makket de aktuele moeting der net in sprút minder om. Dan binne je efkes (ik dan) út it lead slein. Ferheard en tankber… jawis. Yn Bern hie ik dat ék. Hookstrooks stie ik yn in seal mei allinne mar wurk fan Adolf (nee, net dy, dat is gjin Switser) Wölfli (1864-1930), de Kening fan ’e Outsiderskeunst, lês: keunst fan minsken dy’t net yn in keunsthistoarysk hokje passe, dy’t fanút in ynderlike twang, byldzjend skeppe MOATTE, om’t se oars net libje kinne sels. Ik stie foar in stik as sân, acht mânske tekeningen fan ’e man, allegearre makke mei gewoan potlead en kleurpotlead. It wurk is in heechst partikulier universum, hillich en ierdsk tagelyk, der is fan alles en noch wat yn ferwurke… teksten, skreaune muzyk sels. Wölfli siet yn in ynstelling en woe der net mear út, benaud foar de bûtenwrâld, hy fielde him feilich yn ’e ynrjochting. Alle wiken krige er ien potleadsje, dat yn ien wike folslein fuorttekene wie. Wölfli, myn dei, myn wykein, de rêst fan myn libben (no, no) kin net mear stikken, no’t ik dit wurk ris yn werklikheid sjoen haw. Allinne de grimmitige wurknocht fan ’e man al. Tekeningen fan twa meter hichte by in meter breed. Fol… Horror Vacui… sa moat it as it net oars kin. Ynkringend en sá bjusterbaarlik. No moatte jimme it oernimme, lêzers, en diel myn freugde en fertriet by it sjen fan Adolf Wölfli, dizze Kaspar Hauser fan ’e byldzjende keunsten. Gau wer rjochting Switserlân om it Zentrum Paul Klee te besytsjen… mar earst sparje… of?… dochs mar wer mei Sint Peter Langhout dy kant op? Thúsbliuwe is djoerder… Is dit reklame?

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *