Teleks: Beswier Sis Tsiis tsjin provinsje net ûntfanklik ferklearre

logo.ensafh

De beswierskriftekommisje hat tongersdei it beswier dat aksjegroep Sis Tsiis tsjin de provinsje Fryslân yntsjinne hie, ôfwiisd. Sis Tsiis is it der net mei iens dat skoallen frijsteld wurde om les te jaan yn it fak Frysk, dat in ferplicht fak is. Sis Tsiis fynt dat it krijen fan ûnderwiis yn de memmetaal in minskerjocht is.

De kommisje hat it beswier net ûntfanklik ferklearre om’t it in beliedsmaatregel is en dy kinne net op dizze wize oanfjochten wurde. Boppedat kaam it beswier neffens de kommisje te let binnen. It beswiertermyn is seis wike, wylst de beliedsmaatregel al fan 2015 is.

Sis Tsiis jout him der net by del en giet op 19 oktober yn petear mei deputearre Sietske Poepjes.

Boarne: Omrop Fryslân

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

3 reaksjes op “Teleks: Beswier Sis Tsiis tsjin provinsje net ûntfanklik ferklearre

  1. En no dan? Op oktober 19 yn petear mei Sietske Poepjes?
    It moat dochs no wol dúdlik wêze dat Sietske hielendal net op in diskusje mei Sis Tsiis sit te wachtsjen. Oars hie de wurdfierder fan it kolleezje wol sizze kind dat er gjin beswier wie om de harksitting grien ljocht te jaan.
    Dat er dat net die wie fansels yn opdracht fan it kolleezje.

    At ik Sis Tsiis wie dan soe ik Sietske earst mar is in briefke stjoere.

    Achte deputearre,

    Bêste Sietske, (jim kinne my, ik bliuw altiten freonlik)

    Twa fragen.

    In hovenier yn Kollum hat fjouwer minsken yn tsjinst. Prate Nederlânsk en Frysk. De hovenier syket der in mantsje by en der komme twa sollisitanten.
    De earste praat Frysk en Nederlânsk.
    De twadde allinich Nederlânsk.
    Hokker fan de twa nimt er oan?

    In hovenier út Ljouwert hat fjouwer minsken yn tsjinst (prate allinich Nederlânsk) moat der ek in mantsje by ha. Wer twa sollisitanten. De iene praat allinich Nederlânsk en de oare Nederlânsk en Frysk.
    Hokker fan de twa soe hy oannimme?

    David Ogilvy, meast suksesfolle reklame man ea:

    If you’re trying to persuade people to do something, or buy something, it seems to me you should use their language, the language they use every day, the language in which they think.

    Freonlike groetnis
    Sis Tsiis

  2. Yn beide gefallen de sollisitant dy’t Frysk en Nederlânsk praat. De hovenier út Ljouwert hat fansels ek Frysktalige klanten. Dy hawwe leaver in Fries oan ‘t wurk. Sa is it gewoan.

    Sis Tsiis syket it yn ‘e wet. Dêr is neat mis mei. Komt goed. De ûntheffingen hawwe harren langste tiid hân. Dúdlik sat.

    De wet wint altiten!

    Mar it ek beneamen fan de gefolgen dy’t gjin Frysk pratende bern hawwe as sy oan it wurk wolle lyket my tige wichtich.

    Fansels kinne jo yn in twatalich lân better beide talen prate. Yn it wurk en op it sosjale flak. Dúdlik sat. Gjin diskusje mooglik!

    Bern dy’t gjin Frysk prate hawwe minder kâns op wurk. Dúdlik sat.

    Nederlânsk is de dominante taal yn Fryslân. Dat sizze de gelearden. Jaja, mar it Frysk sit by sa’n 450.000 minsken yn ‘e genen en hat de measte krêft.

    Dizze 450.000 prate allinich Nederlânsk as it net oars kin…! Dúdlik sat.

    En dizze krêft fan it Frysk wurdt troch skoalbestjoeren, wurkjouwers en polityk swier ûnderskatten!

    En dat is it grutste probleem wêr’t de Fryske taal hjoeddedei mei te krijen hat!!!

  3. Dat skreau ik dan wol, mar de grutste bedriging foar it Frysk binne de Friezen sels.
    Sy fine alles wol bêst en litte it gewurde.

    De fonteinen slaan nearne op.
    De earste fraach dy’t wy stelle moatte is, wat it doel is fan de Europeeske Unie om in stêd ta Kulturele haadstêd út te roppen.
    De EU jout fansels sels it antwurd.

    Het doel hiervan is de rijkdom, de verscheidenheid en de gemeenschappelijke kenmerken van de Europese culturen tot hun recht te laten komen en ertoe bij te dragen dat de burgers van de Europese Unie elkaar beter leren kennen.

    Wat de fonteinen mei de Fryske kultuur te meitsjen hat kin net ien op it provinsjehûs my útlizze. De earste fisker dy’t mei it potfis nei hûs giet fanôf de Dokkumer Ie moat noch berne wurde..
    De Friezen fine it allegear wol wer bêst.

    Lân fan Taal? Krekt as oft wy hjir better yn taal binne dan in oar. Dat is perfoarst net wier. Slimmer, analfabetisme leit hjir stikken heger dan it lanlike gemiddelde.
    Doch dêr earst mar iens wat oan en stek dêr jild yn ynstee fan in folslein belachelik gebou.

    De Frysktaligen binne de rêchbonke fan de mienskip mar krekt dizze minsken wurdt yn 2018 grut ûnrjocht dien.

    En dochs, dochs binne it de Friezen dy’t de hesjes oandogge om der in sukses fan te meitsjen.
    En dochs, dochs bin ik dan as Hollander om útens wer tige grutsk op jimme.

    Mar minsken wêr giet dit hinne?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *