Bartle Laverman

Sinjalemint ‘Oan dy tinke’ fan Sipke de Schiffart

logo.ensafh

Sipke tinkt oan: Lucia, Hiltsje, Tialda, Reierke, Eveline, Lolkje, Hannah, Pieternel, Ymkje, Angelyn, Eelkje, Geke, Petra, Sjoukje, Neeltsje, Bartina, Richtsje, Koosje en Geneviève, Beitske, Laura, Paulien, Sjoeke, Tetske, Bartina, Jorinte, Wytske, Marieke, Aaltsje,Wikelina.

De Schiffart: de namme wie ik wolris tsjinkaam, mar in persoan hie ik der noch net bij, oant de presintaasje fan In Echte Fries yn Tresoar. Sipke lies foar it earst foar publyk in pear fan syn fersen foar, moai fan stim, direkt en mei selsspot. It publyk fûn it prachtich. Der wie in bondel ûnderweis ferspruts de dichter. Dat waard yn maart 2017 Oan dy tinke, in bondel dy’t yn in pear moanne al in twadde printinge krigen hat! Mei reden: it is in prachtboek!

De 75 fersen foarmje mei al syn hichtepunten en deltes op eigentiidse wize it klassike ferhaal fan langstme fan in romantyske dichter nei de leafde fan in frou. In fysike leafde, want prate mei in frou that ‘s another cup of tea!

PRATE MEI IN FROU

ja, it is myn skuld, leave,
ik ha it dien,
do kinst der neat oan dwaan,
ik bin de oarsaak fan alle ellinde,
fan ús relaasjeproblemen,
dyn ûnbehagen,
it ûntspoaren fan dyn soan,
en it dûblearjen fan dyn dochter,
de reuma fan jim mem,
it minne waar fan de lêste tiid,
de ekonomyske krisis,
ik brocht it allegear fanwegen,
de miljeufersmoarging,
it terrorisme,
biologyske en gemyske wapens,
de Holocaust, de slavernij,
de krusiging fan Jesus
en de sûndefal,
ik beken, it komt allegear troch my,
ferjit it bestean fan demoanen en despoaten
en tink foaral net oan dysels,
ik bin de skuld fan alles

Sa grimmitich is de dichter oer it ginneraal net. No ja, op side 39 noch in kear yn it fers:

KONSEKWINT

(…)
hjoed fytste Paulien,
âld en ferlept
en swier blondearre,
my foarby
sûnder my te groetsjen

kinst fan sa’n dom
wiif sizze watst wolst,
mar se is wol
konsekwint

Mar oars neat as goeds foar de froulju, sels as se him ôfwize hat er begryp.

As ûndertitel hat de bondel dit meikrigen:

Leafdesgedichten dy’t it bestean wat lichter meitsje

Mar dat is de fraach. Want yn it lêste en foarlêste skift (dy skiften komme wat arbitrêr op mij oer) giet de lapketekken fan it bêd en leit dêr de iensumheid neaken en bleat:

noch bin ik iensum,
iensumer noch as oars,
nettsjinsteande dy

Der is in soad Lijen foarbygien foardat de Leafde yn it lêste fers by de dichter teplak is (side 103). Dat hie om him wol wat gauwer mocht. Wy ha oant dat lêste skift wat meigniisd mei de dichter en “O heden” sein doe’t er oer poep en pis begûn. Mar it einbeslút is dochs de tragyk fan it gemis oan en ferlet fan Leafde. It lijen oan de Leafde. As men alle nammen hjirboppe yn de titel lêst soe men OPSKEPPER tafoegje wolle, mar it binne gjin súksesferhalen dizze leafdesgedichten.

De famkes reizgje withoefaak foarby, mar beare earder fan de hûn as fan de dichter-kanofarder (side 57). Jonge famkes dy’t him syn jierren fiele dogge. Boppedat wit de dichter dat er gjin Casanova is en moat er Ymkje wier bidde om in nacht. En wat te tinken fan se woe allinne mei my op bêd nei’t ik in gedicht oer har skreaun hie (side 37).

De Schiffart’s fersen lêze maklik, se rinne soepel en der is gjin geknoffel mei rymskema’s en dochs reitsje se oan de kearn fan ús bestean: it ferlet en de rop om Leafde, it ferlet oan in Oar. Ik moast bij it lêzen oan de fersen fan Trinus Riemersma tinke. It motto fan Goethe dat De Schiffart brûkt, slút dêr moai bij oan: syn fersen binne “út it libben grypt”. De tematyk bij Trinus is oars, mar de toan en de romantyske ynslach is foar mij itselde. Dus wa’t úthâld dat it mei dy Fryske literatuer neat mear is sûnt it ferstjerren fan Riemersma, giet foarbij oan Sipke de Schiffart!

Hoera foar Sipke!

Sipke de Schiffart
Oan dy tinke
Hispel 2017

 

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *