Teleks: Baskyske skriuwer yn Ljouwert foar ynspiraasje

logo.ensafh

Yn it ramt fan it literêre útwikselingsprojekt Other Words/Oare Wurden is de Baskyske skriuwer en oersetter Eneko Aizpurua Urteaga te gast yn Ljouwert. Hy skriuwt misdiedromans en wurket as oersetter oan de universiteit fan Navarra. Eneko sil hjir acht wiken wenje en wurkje oan syn nije roman. 

Eneko Aizpurua Urteaga (1976), publisearre oant no ta trije misdiedromans: Lehertu da festa (2016), Herensuge gorriaren urtea (2013) en Errauts (2011). Yn 2017 publisearre hy Europar mezularia, de Baskyske oersetting fan in essay fan de Eastenrykske skriuwer Robert Menasse: Der Europäische Landbote.

Yn Fryslân wol Eneko yn kontakt komme mei skriuwers en muzikanten en mear te witten komme oer de Fryske kultuer. It doel is om ideeën út te wikseljen, ynspiraasje op te dwaan, in netwurk op te setten en mei te dwaan oan publike eveneminten en optredens.

Snein 22 oktober is Eneko oanwêzich by de Baskyske literêre middei yn Húskeamerteater De Wier yn Koarnjum: in middei mei muzyk, ferhalen en gedichten weryn’t Baskelân en de Baskyske taal sintraal steane. Eneko wurdt dêr yntrodusearre.

Der dogge fiif taalgebieten mei oan Other Words, in útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse Europeeske talen: Baskelân, Ierlân, Slovenië, Masedoanië en Fryslân. Op dit stuit is de Fryske skriuwer Hein Jaap Hilarides yn Maribor,  Slovenië. Hy wurket dêr oan in histoaryske roman. Ofrûne simmer wie skriuwer en sjoernalist Gerard de Jong acht wiken yn Baskelân.

Eneko komt freed 20 oktober oan yn Ljouwert en bliuwt oant heal desimber. Wa’t graach mei him yn kontakt komme wol, kin him/har melde by de organisaasje fan Oare Wurden yn Fryslân.

Mear ynformaasje oer it projekt en eardere publikaasjes fan literêr wurk kinne jo fine op de webside fan Other Words en de webside fan Tresoar.

Boarne: Tresoar

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op