Lomme Schokker

Dêr op Malta

logo.ensafh

‘Carolyn, einlings en te’n lêsten ha ik dy oan de telefoan! Daphne Caruana Galizia, dat is dochs famylje fan dy?’

‘Myn nicht. Se wennet yn Bidnya, wenne…, hjir in pear kilometer it easten op. Ik wie op it dakterras, ôfrûne moandeitemiddei. Ik ha de eksploazje heard.’

‘Wat moat ik sizze, ferskriklik!’

‘It is freeslik! It hiele lân is oerstjoer. De FBI hat de lieding fan it plysjeûndersyk, der binne hjir ek eksperts út dyn lân. Mar tink mar net dat it wat opsmite sil.’

‘Is ek de plysje by jimme korrupt?’

‘Wat tinkst? Wat tinkst? De polysjelieding is oansteld troch de politisy. Daphne wie al tritich jier dwaande om al dy ferrekte misstannen hjir yn Malta oan de kaak te stellen. Witst dat se in jier of tsien lyn al ris har hûs mei autobannen yn ’e brân stekke woene? Paul, har soan, kaam krekt op tiid thús, oars soe se doe al… De plysje woe it net iens ûndersykje.’

Ik soe hjir wol sizze kinne dat ik fan ’t simmer op Malta wie om research te dwaan foar in artikel, mar ik bin gjin ûndersykjoernalist of in krityske essayist, ik bin inkeld mar in sneinsskriuwerke. De frou en ik, wy wiene der mei fakânsje. Ik ha letter in ferhaal skreaun om in oar ferhaaltsje dat op Malta spile wat út te djipjen. Carolyn hat in Bed & Breakfast yn Rabat -Casa Caruana-, mei in prachtich dakterras mei útsjoch op see. Caruana, dy namme komst in protte tsjin yn Malta. Fan sopranen, skriuwers en biskoppen oant en mei Maltezer maffialeden. Carolyn har heit, Gabriel, wie in fameuze pottebakker, krekt lyk as sysels en har man, Peter. Dy’t wat jierren lyn ek al yn syn auto ferstoarn is. Wat in wrâld.

‘Wat in wrâld, dêr by jimme op Malta.’

‘Aiaiai! Daphne hie it kommen, sizze se hjirre. We koene der op wachtsje! Se siet der wol sa allemachtich boppe-op, koe Malta allinnich noch mar sjen as ien korrupt soadsje. Ast yn sa’n modus sitst dan kleuret it dyn hiele fisy. Soe dat yn Nederlân oars wêze, dan?’

‘No fregest my wat! Dy korrupsje? Ik tink it net. Lang sa bot net, yn alle gefallen.’

‘Dat seidesto fan de simmer ek. Ik soe der mar net al te wis fan wêze.’

‘Alhoewol, de ûnderwrâld nestelet him hjir nei’t it liket ek mear en mear yn it bestjoerswêzen, foaral yn it suden fan ús lân. Hoe súdliker, hoe mâler en nuverder, sizze se by ús yn it noarden.’

‘En hoe noardliker hoe suverder? Kalvinistyske grutspraak, oars net! Al dat jild dat se hjir by ús en by jimme dêr spandearje oan dat Europeesk kultureel gedoch, dat kinne se ferdomme better besteegje oan it stypjen fan krityske sjoernalistyk, oan selsstannige demokratyske ynstituten dy’t effektyf optrede kinne tsjin de hieltiten langere tentakels fan de maffioso.’

‘Of oan goed ûnderwiis, yn de eigen taal. Dat is by jimme wol wer goed regele.’

‘Fansels, ja, dat wol. Dêr begjint it dochs mei! Wannear komst dizze kant wer ris út? Wy moatte prate. Hiest it fan ’t simmer oer Machiavelliaanske masinaasjes. Daphne seach se ek, hat dy bestudearre, hat dy beskreaun, hat se oan it ljocht brocht. En no leit se tabernakele yn tûzen stikjes.’

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op