Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei de Kanadeesk-Fryske skriuwster Alyda Faber

logo.ensafh

“Ut agresje wei kin ik gjin goede gedichten skriuwe. Ik besykje minsken te begripen, hoe komplisearre dat ek is.”

De Kanadeesk-Fryske skriuwster Alyda Faber (berne yn 1963 yn Walkerton, Kanada) wennet yn Halifax en is professor teology oan de Atlantic School of Theology. Yn 2016 kaam har dichtbondel Dust or Fire út, mei dêryn ûnder oare twa ferzjes fan it gedicht ‘Leeuwarden Train Station’. De gedichten yn de bondel gean oer de betsjutting fan leafde en famyljerelaasjes. Yn 2010 binne gedichten dy’t se skreaun hat nei oanlieding fan Fryske sprekwurden publisearre op Ensafh. Alyda wie yn augustus in wike op famyljebesite yn Ljouwert en doe ha ik dit fraachpetear mei har holden. Se praat Frysk, Hollânsk en Ingelsk trochinoar, ik ha dit petear yn it Frysk opskreaun.

Hoe bist opgroeid? Hast thús Frysk praten leard?
Alyda: ‘Wy wennen by in lyts plak, Walkerton. Us heit wie melkfeehâlder op in pleats fan twahûndert acres, foar hjoeddeiske Kanadeeske begrippen is dat net sa grut. Us heit prate altyd Frysk en ús mem Liwwadders. Us heit is yn de fyftiger jierren nei Kanada ferfearn en op in stuit weromgien nei Fryslân en letter noch twa kear hinne en weromgien. Yn 1955 hat er ús mem hjir yn Ljouwert moete. Yn 1956 is ús mem ek nei Kanada emigrearre. It is krekt oft de taal fan ymmigranten stilstiet. Doe’t ik ris op besite wie yn Fryslân en op in moarn mei myn neef nei skoalle gie, sei de learares tsjin my dat se sûnt de jierren fyftich net ien sa Hollânsk praten heard hie. De Fryske en Nederlânske taal makken yn Kanada eins gjin ûntwikkeling mear troch, om’t dy inkeld sprutsen waarden troch in pear minsken en we dy talen net liezen. Foar myn bruorren en my wiene Nederlânsk en Frysk meast mûnlinge talen; we hiene gjin formeel (skriuw-)ûnderwiis yn dy talen.

De lêste jierren lês ik wol wat Frysk en bin ik begûn mei it oersetten fan Fryske gedichten, lykas ‘De stille kreek’ fan Sjoerd Spanninga. Frits van der Kuip van de Fryske Akademy hat my wat Fryske gedichten stjoerd. As ik in gedicht oerset wyk ik ôf fan it orizjineel, want ik folgje it rymskema meastal net as ik myn eigen poëzij skriuw en kom dan yn in hiel oar patroan fan ritme en tinken. Dat fyn ik ynteressant om te dwaan. Myn âlden praten in protte yn metafoaren, ús heit sei bygelyks ‘op it nêst’ yn plak fan ‘op bêd’. Dat fûn ik altyd hiel nijsgjirrich, in soart sprutsen poëzij.’

Hoe is it kontakt mei Frits van der Kuip fan de Fryske Akademy ûntstien?
‘It kontakt mei Frits van der Kuip ûntstie mei it skriuwen fan myn boek Dust or Fire. Us mem brûkte altyd sprekwurden. Ik wie ynteressearre om in searje gedichten te skriuwen begjinnend mei in sprekwurd. Earst wie it myn bedoeling om Nederlânske sprekwurden te brûken, mar yn feite haw ik gjin gedichten mei Nederlânske siswizen skreaun. Op ien nei, ik ha nammentlik in Ingelske oersetting fan it sprekwurd ‘Het is een huishouden van Jan Steen’ brûkt yn it gedicht ‘Topsy-Turvy’. Op ynternet fûn ik in hiele lange list mei Fryske sprekwurden, de saneamde Burmania-sprekwurden. It slagge my om in tal fan dy sprekwurden oer te setten, mar ik hie muoite mei guon dy’t my yntrigearren. Ik frege in neef fan ús heit dêrnei en dy hearde wer fia in oar dat Frits van der Kuip de sprekwurden yn modern Frysk oerset hie. Ik ha kontakt mei him socht en him moete by in besite oan Ljouwert. Op Ensafh stiet in seleksje fan de gedichten dy’t ik skreaun ha op de Burmania-sprekwurden. Se neame it long poem-series, dat wol sizze dat je oer in beskaat ûnderwerp in hiele searje gedichten meitsje. Dat projekt begûn doe’t ik in poëzijkursus fan de dichter Brian Bartlett folge.’

Wat is de eftergrûn fan it gedicht ‘Leeuwarden train station’? Janneke Spoelstra hat in Fryske oersetting fan dat gedicht makke, dat te lêzen is yn Ensafh nûmer 4.
‘Ein jannewaris 2012 wie ik op de trouwerij fan myn muoikesizzer. Winters seach ik ús heit hast nea: ik gong meastal yn de maityd en simmer, soms yn ’e hjerst by him op besite, trije kear jiers. Hy wie doe ek op de brulloft. In pear dagen dêrnei reizge ik nei Europa, mei in tuskenstop yn Fryslân op wei nei it Filmfestival yn Berlyn, sadat ik by myn omke’s jierdeifeest wêze koe. Dy wike haw ik foar de earste kear ús heit en omke tagelyk sjoen en foel it my pas goed op hoe ferskillend sy wiene. Dat wie sa yndrukwekkend dat ik begûn bin dat gedicht te skriuwen, oer de moeting fan myn âlden op it treinstasjon, as omlisting fan aspekten fan ús heit syn relaasje ta ús mem en ús, en ek myn relaasje mei in dierbere muoike en omke. Jierren foar’t ik dat gedicht skreau, ha ik ús heit frege hoe’t er ús mem foar it earst moete en dat wie op it treinstasjon fan Ljouwert. Us mem koe him noch net meinimme nei har âlden ta, want har suster wie krekt ferstoarn. It gedicht is it langste yn it boek, it beslacht sân siden en bestiet út fyftich koarte fragminten. Ik beskriuw net gronologysk hoe’t dingen bard binne, alles rint trochinoar hinne.’

It boek Dust or Fire giet oer dyn famyljeskiednis. Wat wie foar dy de oanlieding om it boek te skriuwen?
‘It boek is opdroegen oan myn âlden, dy’t beide net mear libje. It is hjoed, 19 augustus, trije jier lyn dat ús heit stoarn is. Us mem is 13 augustus 2000 stoarn. It lêste gedicht yn it boek hjit ek ‘Leeuwarden train station’ en is hiel oars en folle koarter as it gedicht dat ik krekt neamde. Trije gedichten oer it ferstjerren fan ús heit stiene earst net yn it boek, mar haw ik letter tafoege, omdat dy der by hearre. Ik hie in komplisearre relaasje mei myn âlden en wie hieltyd oan it ferwurkjen hoe’t dat yninoar stuts. De relaasje tusken ús mem en my is komplisearre wurden troch de sfear dy’t ús heit yn de húshâlding brocht. Ik frege my ôf wêrom’t ús mem mei sa’n persoan troud wie. Doe’t ús heit en mem sân jier yn Kanada wennen, hawwe har âlden dêr in healjier west. Myn heit en mem hiene doe fjouwer bern, ik wie fjouwer moanne. Us pake en beppe woene graach dat ús mem weromkaam nei Fryslân, mei de bern, mar sy woe dêr bliuwe. De fragen dy’t my dwaande holden makken dat ik it boek skreaun ha. It boek hat in saneamde ferhaalbôge, mar is net gronologysk opset. De gedichten gean oer in manier te finen om om te gean mei in drege relaasje. Yn dy tiid waard net sprutsen oer geastessykte en dat makke alles noch yngewikkelder. Us heit lijde deroan. Yn de gedichten leare je de minsken kennen as kwetsbere wêzens, krekt as iksels. Je binne sa lilk op ien, of je haatsje ien yntinsyf, mar út agresje wei kin ik gjin goede gedichten skriuwe. Ik besykje minsken te begripen, hoe komplisearre dat ek is.’

Dust or Fire is dyn earste boek. Bist mei nij wurk dwaande?
‘Ja, ik bin no mei in twadde boek dwaande. Ik hie yn earste ynstânsje it idee om in boek yn trije skiften te skriuwen. It earste part bestiet út portretten fan ús mem en dat is eins in folslein boek wurden. Ik wurkje no oan de lêste tolve gedichten yn it boek. Dêryn stean gedichten as: ‘Portrait as my mother as Pope Innocent X’, ‘Portrait of my mother as black-capped chickadee’, ‘Portrait of my mother with wolf’, ‘Portrait of my mother as hay bales’, ‘Portrait of my mother as Diane Arbus, photographing a boy in Central Park, 1962’ en ‘Portrait of my mother as Michael Schumacher’, de autokoereur. Dus it binne ûnferwachte bylden, ús mem hie bygelyks nea in rydbewiis. Eltse kear as ik oan ien fan dy gedichten begûn, tocht ik dat it net mooglik wie om it te skriuwen, mar kaam ik eins yn in emosjonele trein telâne doe’t ik dermei dwaande wie. It is in soart spul, dat je dingen dy’t net opinoar lykje byinoar delsette en it is krekt oft je sa mear yn je ûnderbewuste telâne komme. It boek is noch net ôf, dat kin noch wol in healjier duorje, want ik bin in stadige skriuwer. Sûnt 2007 bin ik by in poëzijgroep dêr’t ek in kollega fan the Atlantic School of Theology, in bibliotekaris en in jazzsjonger, in byldzjend keunstner en in pinsjonearre man diel fan útmeitsje. Wy moetsje inoar alle moannen, útsein july en augustus, yn myn hûs. We leverje dan elk ien gedicht en prate dêr mei-inoar oer. Soms ha oaren ideeën om better ûnder wurden te bringen wat je krekt sizze wolle. Ik ha dêr wol in protte stipe oan.’

Wat kinst fertelle oer dyn deistich wurk? Wêr hast studearre?
‘Ik bin professor teology yn Halifax, sûnt 2001. Ik kin myn eigen tiid wol wat yndiele en fan maaie oant july dit jier hie ik wol behoarlik tiid om oan it nije boek te wurkjen. Ik ha teology studearre oan McGill University yn Montreal. Us mem wie hiel leauwich, mar wol op in manier dat se foar harsels neitocht oer dingen. Sy hat it nea maklik hân, mar it leauwen wie in grutte stipe foar har. Fan jongs ôf waard ik konfrontearre mei de problemen by ús yn de famylje en frege ik my ôf hoe’t minsken sa nuver tsjininoar dwaan kinne. Dat hat meispile om foar de stúdzje teology te kiezen. It ritme en rym fan de ferhalen yn de bibel en fan de psalmen fyn ik trouwens hiel moai. Foardat ik mei de stúdzje teology begûn ha ik Ingelske en Frânske literatuer studearre. Ik folge lessen poëzij en koarte ferhalen skriuwen.’

Binne jim as bern strang grutbrocht?
‘Ik ha fiif bruorren. Wy binne strang grutbrocht en it wie thús gaotysk. Us heit wie strang, mar it is nuver dat ien dy’t strang is yn in gaotyske tastân in hiele oare persoan wêze kin. Us mem wie altyd hoopfol, nettsjinsteande perioaden fan depresje. Sy hie ferbylding en makke har op dy manier los fan de situaasje. Ik studearre earst foar dûmny, mar ha letter foar doktoraalstúdzjes keazen. Ik tocht nei oer goed en kwea en oer hoe’t leafde yninoar stekt, troch de ûnderfinings yn myn jongere jierren.’

Wat hasto mei film? Do ferteldest krekt datst by it filmfestival yn Berlyn wiest.
‘Ik wie by filmfestivals yn Berlyn, Locarno, Montreal en Cannes om’t ik diel útmakke fan in oekumenyske sjuery besteande út roomsken en protestanten. Ik skriuw artikels oer literatuer en film; de meast resinte binne ferskynd yn it boek Blessed are the Eyes that Catch Devine Whispering: Silence and Religion in Film (‘Silence-effects: Frederick Wiseman’s films as parable’) en yn it online tydskrift Journal of Religion, Film and Media (‘Film, Parable, Reciprocity: Frederick Wiseman’s Reality Fictions and Social Change’). Dokumintêremakker Frederick Wiseman hat fan de sechtiger jierren oant no ta films makke. Ik ha my bot yn him ferdjippe, ik skriuw oer syn films en parabels. Dizze filmmakker leit net folle út en lit in protte oan it tinken en de fantasij fan de sjogger oer. Hy makket bygelyks gjin gebrûk fan in voice-over. Hy makket ek portretten wêryn’t er minsken byinoar bringt dy’t op it earste gesicht net folle mei-inoar te krijen ha. Dat der binne oerienkomsten tusken syn en myn wurk.’

Wat binne dyn favorite films?
‘Ik bin leafhawwer fan it wurk fan Michael Haneke. Caché en L’Amour fyn ik hiel nijsgjirrige films. Ik tink in protte nei oer de films fan Wiseman, lykas National Gallery. Wiseman sjocht de minske as ûnderdiel fan in groep, in grutter gehiel, en hy beskriuwt hiel subtyl de machtsferhâldingen tusken minsken. Ik bin in skoftlang obsedearre troch ien filmmakker en dan troch de folgjende. Yn Halifax wurdt alle jierren in filmfestival organisearre, dêr’t soms goede, alternative films draaie. We ha spitigernôch gjin goed filmhûs. Ik sjoch in protte films thús op dvd.’

Wat hast oant no ta dien yn Ljouwert en wat binne dyn plannen foar de rest fan de wike?
‘Juster haw ik nei it Fries Museum west, want ik woe it Fersetsmuseum sjen. It útsjoch is geweldich dêr. Us mem fertelde net folle oer har ûnderfinings mei de besetting fan Fryslân yn ’e oarloch, en ik woe ferskate yndrukken krije dy’t fierder gean as har tige beheinde ferhalen, want ik kin my foarstelle dat it in ekstreem eangstige en sels traumatisearjende perioade yn har libben west ha moat, wêryn’t se sa’t se sels sei, jierren ‘ferlern’ hat dêr’t se fan geniete kinnen hie, fan ’14 oant ’19. Moandei sil ik nei Amsterdam, nei it Van Goghmuseum en mei myn neef op besite by de iennige suster fan ús mem dy’t noch libbet. Ik sil tiisdei by ús heit syn neef en nicht op besite. Woansdei bin ik by Janneke Spoelstra yn Alde Leie. Myn neef sil my takom wike tongersdei meinimme te farren, dan kin ik Fryslân fan it wetter ôf sjen. En freed sil ik nei in achternicht yn Utert. Sy praat ek Frysk. Sneon gean ik mei de trein fan Utert nei Frankfurt en dêrwei ha ik in streekrjochte flecht nei Halifax.’

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *