Marcel Plaatsman

Mystikifikaasje om it Nijedjip hinne

logo.ensafh

Yn it noarden fan ús provinsje, dêr’t de dyk it lân omklammet, en dêr’t de fearboaten ôffarre, dêr is Fryske literatuer makke, dat it moat dêr eins wol in Frysk stedsje wêze. It hjit fan it Nijedjip en ek wer net, de ynwenners sizze it wol sa (yn harren dialekt), mar op de plaknamboerden stiet hiel wat oars en it stiet der ek mar in ien taal. Ik haw it oer De Helder.

De Helder leit net yn Fryslân en ek net yn it part fan Noard-Hollân dat West-Fryslân neamd wurdt. Dêr is De Helder net âld genôch foar. Frysk waard der nea sprutsen. Oan de oare kant prate de fiskerslju en de eilanners dy’t der ek wolris oankomme, in Nederlânsk dat in soad Fryske ynslûpsels hat. De marine hat fansels ek har oanlûkingskrêft op Friezen, dy’t mei de bus oer de Ofslútdyk reizgje, en dan oer Wiringen (1) hinne nei it Nijedjip ta.

Dat stedsje sels, dêr is eins gjin minske ea leaf oer. It sil noait wat wurde, de Nijedjippers leauwe der ek net yn. Mar sa binne der yn Fryslân ek wol stedsjes. En sa as it oan dyk leit, mei dy lytse huzen, dy reade dakken, in pear wite koepeltsjes op ’e wichtige gebouwen, sa kinst der dochs wol wat Frysk yn sjen. It ljocht fan ’e fjoertoer en de loft fan it Waad. De haven mei de beammen oan it wetter – en de boatfile, dy ek.

De Helder in Fryske stêd neame, dat liket faaks in mystifikaasje, mar mystifikaasjes binne hjir wol op har plak. It Fryske boek dat yn De Helder ûntstean wêze soe, is it Oera Linda Boek en fan dit boek witte we no dat der neat wier oan wie. In boek skreaun yn in Aldfryske keunsttaal, oer in Neafryske skiednis, neamd nei in Over de Linden dy’t eins ek gjin Fries wie… Makket sa’n boek it Nijedjip no in Fryske stêd?

Yn dizze stêd wie François Haverschmidt dûmny. As skriuwer wie syn namme Piet Paaltjens en dat wie in feint dy’t wol mei mystifikaasjes út ’e fuotten koe. Oer it Nijedjip skreau er, dat wa’t net oan see wenne hat, net wite kin wat waaie is. Ik haw thús in biografy oer him lizzen dy’t net sa posityf oer ús Piet liket, mar de anonym makke skriuwer F.H. is eins Haverschmidt sels – mystifikaasje. Dat dizze Nijedjipper Fries mei dat Oera Linda Boek te meitsjen hie, wurdt wol oannaam en ik leau it sa.

Foar ien, dy’t noch fan âlde Fryske keningen dreamt, is it lân oan ‘e oare kante fan ’e Ofslútdyk ek in nostalgysk ûnthjit, in fergetten Fryslân, it oerskot fan dy jierren, dat Fryslân noch oant Seelân rikte. Yn dizze Oeralinda-stêd kinst dy dream noch wol dreame. Mei it ljocht fan ’e fjoertoer oan de iene kant, en de marine oan de oare, meidatst net oerdriuwst en oer Fryske ûnôfhinklikens begjinst.

Tusken trije seeën fan mystifikaasje wol ik De Helder wol moai neame, en it Nijedjip. Sa leit der, net bot fier wei fan it Gryn en fan Grebbe, noch sa’n fergetten Fryske stêd. Ast der mar yn leauwe wolst, ast der mar oer dreame meist.

Alkmar, oktober 2017

(1) Wiringen, net mei ‘ie’ mar mei ‘i’ ha ik foar de aardichheid mei opsetsin sa skreaun, want de útspraak dêr is mei in koarte -i- (y). It part “Wier” is ûntstean út it Âldfryske wird, heechte (lykas yn Wird-um, âldere foarm foar Wurdum).

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “Mystikifikaasje om it Nijedjip hinne

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *