Oer Frysk literêr selsbetrouwen

logo.ensafh

Oer literêr selsbetrouwen yn Fryslân

Is it slim dat it Fryske boekewikegeskink in oersetting út it Hollânsk wurdt? Och nee ju! Oersetterij tsjûget likegoed fan in oerfloed oan literêr selsbetrouwen.

Reinier Salverda & Eric Hoekstra

It boekewikegeskink

It Hollânske boekewikegeskink leit yn 2018 yn ‘e boekhannels fan 10 maart ôf. Wa’t foar € 12,50 boeken keapet, kriget it boekewikegeskink der fergees by. It geskink fan 2018 hjit Gezien de feiten en it is skreaun troch de Flaamske Griet Op de Beeck. Hat karakteristike tema is slachtoffertrauma, selshelp en fermoedsoening. In Fryske oersetting fan dat boekje is it Fryske boekewikegeskink.

Lês fierder by de Fryske Akademy

5
Reageer op dit artikel

avatar
5 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
josse de haanEddy Drost Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Eddy Drost
Gast
Eddy Drost

wylst elk oarspronklik yn it Frysk skreaun wurkje jild fan ‘e provinsje meikrige, al hoe min as it ek skreaun wie.

Oer wat foar bedragen soe dat gean?

Lit de Fryske Akademy earst mar ris nei harren eigen subsydzjes sjen. Honderden miljoenen euro’s troch de jierren hinne krigen en omsetten yn de grutst mooglike flauwekul. Foar de Fryske taal hat it neat opsmiten! At ik in enkête op ‘e Nyestêd hâld en de minsken freechje wat de Fryske Akademy docht, sil 98% it net witte. Stekker der út!

josse de haan
Gast
josse de haan

HOE’T JE IN BRIKE SET GOEDPRATE KINNE Ein desimber komt it literêre tiidskrift ENSAFH mei in papieren Baskysk nûmer. Yn dat nûmer haw ik in ‘Ynlieding op de Baskyske Literatuer’ skreaun. Nei in in 40 jier diktatuer – it Baskysk wie forbean – koe de moderne literatuer dêre sûnt +/- 1978 echt begjinne. Tsientallen moderne romans en jeugdboeken binne sûnt ’78 yn oare talen ferskynd, fan guon skriuwers sels yn 20 talen. Op 13 novimber o.k. wurde yn Bilbao 5 literêre prizen fan elk 18.000 Euro omparten foar proaza, poëzy, jeugdliteratuer, drama en essay. Dit bart elk jier. De Basken… Lees verder »

Eddy Drost
Gast
Eddy Drost

Noch better soe it wêze en lit it Hollânske boekewikegeskink skriuwe troch in Fryske auteur.

It moat net gekker wurde!

De oare 2% hienen op ‘e Nijestêd tsjin my sein: de Fryske Akademy? Oh, die set sich yn foar de Fryske taal.

No, dat is net sa. Al op 17 juni 2016 naam Hans van de Velde fan de Fryske Akedemy yn de LC ôfskied fan de Fryske taal.

Dizze beide hearen dogge der noch ris in skepke boppe-op!

De stekker út de Fryske Akademy!
6 miljoen euro yn ‘t jier…..
Weismiten jild!

josse de haan
Gast
josse de haan

Dat hie ek in aardich idee west Eddy Drost – in Fryske skriuwer foar it Nederlânsk geskink (Frysk en Nederlânsk). Yn Spanje kin trouwens in Baskyske skriuwer de Spaanske Nasjonale Literêre Priis krije (de PC Hooftpriis, sis mar). Dat is it omkearde fan de Fryske sitewaasje. Neffens de twa applaudisearjende Akademymanlju hâldt dat ynstitut yn april in kongres oer de Fryske literatuer foar in beheinde rûnte mei sprekkers ut binnen- en bûtenlân – û.o. in heechlearaar-skriuwer/teolooch ut Tsjechië. Nei Vaclav Havel hawwe Tsjechen in soad ferstân fan literatuer fansels, benammen fan de Fryske. Hjirmei komt de Fryske ferbylding oan de… Lees verder »

Eddy Drost
Gast
Eddy Drost

Dat stiet der net Josse. Dat lês ik oars. De hearen skriuwe net oer in Nederlânsk -EN Frysktalich boek. Allinich oer in Nederlânsk boek…. Mei oare wurden: in Fryske skriuwer moat sich earst mar ris yn ‘t Nederlânsk bewize…. De omkearde wrâld. Die kant moatte wy net út. Moat it safier komme dat in Frysktaliche skriuwer in nij boek skriuwt, dêr neat mei docht, en it dan oersette lit nei it Nederlânsk om sa in kâns te krijen by in Nederlânske útjouwer? Ik ha it al earder skreun: wat hawwe Fryske skriuwers te sykjen op ‘e Buchmesse at jo net… Lees verder »