Oer Frysk literêr selsbetrouwen

logo.ensafh

Oer literêr selsbetrouwen yn Fryslân

Is it slim dat it Fryske boekewikegeskink in oersetting út it Hollânsk wurdt? Och nee ju! Oersetterij tsjûget likegoed fan in oerfloed oan literêr selsbetrouwen.

Reinier Salverda & Eric Hoekstra

It boekewikegeskink

It Hollânske boekewikegeskink leit yn 2018 yn ‘e boekhannels fan 10 maart ôf. Wa’t foar € 12,50 boeken keapet, kriget it boekewikegeskink der fergees by. It geskink fan 2018 hjit Gezien de feiten en it is skreaun troch de Flaamske Griet Op de Beeck. Hat karakteristike tema is slachtoffertrauma, selshelp en fermoedsoening. In Fryske oersetting fan dat boekje is it Fryske boekewikegeskink.

Lês fierder by de Fryske Akademy

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

5 reaksjes op “Oer Frysk literêr selsbetrouwen

  1. wylst elk oarspronklik yn it Frysk skreaun wurkje jild fan ‘e provinsje meikrige, al hoe min as it ek skreaun wie.

    Oer wat foar bedragen soe dat gean?

    Lit de Fryske Akademy earst mar ris nei harren eigen subsydzjes sjen. Honderden miljoenen euro’s troch de jierren hinne krigen en omsetten yn de grutst mooglike flauwekul. Foar de Fryske taal hat it neat opsmiten! At ik in enkête op ‘e Nyestêd hâld en de minsken freechje wat de Fryske Akademy docht, sil 98% it net witte. Stekker der út!

  2. HOE’T JE IN BRIKE SET GOEDPRATE KINNE

    Ein desimber komt it literêre tiidskrift ENSAFH mei in papieren Baskysk nûmer. Yn dat nûmer haw ik in ‘Ynlieding op de Baskyske Literatuer’ skreaun. Nei in in 40 jier diktatuer – it Baskysk wie forbean – koe de moderne literatuer dêre sûnt +/- 1978 echt begjinne.

    Tsientallen moderne romans en jeugdboeken binne sûnt ’78 yn oare talen ferskynd, fan guon skriuwers sels yn 20 talen. Op 13 novimber o.k. wurde yn Bilbao 5 literêre prizen fan elk 18.000 Euro omparten foar proaza, poëzy, jeugdliteratuer, drama en essay. Dit bart elk jier. De Basken beskôgje har literatuer as de spegel fan har lân – it ferheget de status en it – jawis – selsbetrouwen.

    25 jier literatuerbefoarderjen yn Fryslân hat hast neat oplevere oan oersettings. Wat oersetten is ha de skriuwers faak sels oprêden. En no komme twa hearen fan de Akademy dy’t hantsjeklappe foar in ut it Flaamsk/Nederlânsk oersetten boekewikegeskink yn it jubileumjier fan KH18 yn Ljouwert. As soe literêr Fryslân gjin skriuwer hawwe dy’t soks kinnen hie, dwaan moatten hie.

    Dit jubileumjier hie de kâns west oan Europa grutsk sjen te litten dat de Fryske literatuer libbet – in troch in Fryske skriuwer skreaun boekewikegeskink, oersetten yn in tal Europeeske talen. In orizjineel geskink foar de besikers ut heel Europa.
    Dit plan hie al by it begjin fan de tawizing troch de literatuerbefoarderer opsetten wurde moatten…

    ‘Wat seist? Kin Fryslân sels gjin geskink skriuwe?’

  3. Noch better soe it wêze en lit it Hollânske boekewikegeskink skriuwe troch in Fryske auteur.

    It moat net gekker wurde!

    De oare 2% hienen op ‘e Nijestêd tsjin my sein: de Fryske Akademy? Oh, die set sich yn foar de Fryske taal.

    No, dat is net sa. Al op 17 juni 2016 naam Hans van de Velde fan de Fryske Akedemy yn de LC ôfskied fan de Fryske taal.

    Dizze beide hearen dogge der noch ris in skepke boppe-op!

    De stekker út de Fryske Akademy!
    6 miljoen euro yn ‘t jier…..
    Weismiten jild!

  4. Dat hie ek in aardich idee west Eddy Drost – in Fryske skriuwer foar it Nederlânsk geskink (Frysk en Nederlânsk). Yn Spanje kin trouwens in Baskyske skriuwer de Spaanske Nasjonale Literêre Priis krije (de PC Hooftpriis, sis mar). Dat is it omkearde fan de Fryske sitewaasje.

    Neffens de twa applaudisearjende Akademymanlju hâldt dat ynstitut yn april in kongres oer de Fryske literatuer foar in beheinde rûnte mei sprekkers ut binnen- en bûtenlân – û.o. in heechlearaar-skriuwer/teolooch ut Tsjechië.

    Nei Vaclav Havel hawwe Tsjechen in soad ferstân fan literatuer fansels, benammen fan de Fryske. Hjirmei komt de Fryske ferbylding oan de macht sizze us twa wittenskippers.

    Ik tink dat de Fryske ferbylding better en autentiker yn in echt Frysk boekewikegeskink oan de macht kommen west hie. De bydrage fan de Akademy oan de KH18-literatuer is in ‘fake’bydrage, meidat it neat sjen lit oan Europa fan de deistige literatuerpraktyk oan it folk yn Europa.

  5. Dat stiet der net Josse. Dat lês ik oars. De hearen skriuwe net oer in Nederlânsk -EN Frysktalich boek. Allinich oer in Nederlânsk boek….
    Mei oare wurden: in Fryske skriuwer moat sich earst mar ris yn ‘t Nederlânsk bewize….
    De omkearde wrâld. Die kant moatte wy net út.
    Moat it safier komme dat in Frysktaliche skriuwer in nij boek skriuwt, dêr neat mei docht, en it dan oersette lit nei it Nederlânsk om sa in kâns te krijen by in Nederlânske útjouwer?

    Ik ha it al earder skreun: wat hawwe Fryske skriuwers te sykjen op ‘e Buchmesse at jo net mei oersettings komme?

    De promoasje fan de Fryske literatuer lyket nearne nei.

    Yndied. Jo ha gelyk. De Hollanners sille tinke dat de Friezen net by machte binne om in goed ferhaal te skriuwen.

    De Fryske skriuwers binne de grutte ferliezers yn 2018.
    In Nederlânsk boek oersette nei it Frysk hat neat te krijen mei de promoasje fan de Fryske literatuer en it Frysk.
    Dizze twa gean hân yn hân en kinne wy net los fan elkoar sjen.

    Arno, Sietske, Koen, Bert en Hanno binne út de skroeven. It ‘Eutanasy Belied Frysk’ giet de goede kant út. De Nederlânske flagge kin út..

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *