Aginda 19-11-17: Presintaasje ‘Koarde fan ‘e tiid’ fan Beart Oosterhaven

logo.ensafh

Dierbere famylje, freonen, goekunde en oare nigethawwers oan poëzij en muzyk,

Op snein 19 novimber 2017 presintearje ik myn nije dichtbondel Koarde fan ’e tiid. Behalve gedichten steane yn dy bondel liettekstoersettings fan wurk fan sokken as Willie Dixon, Leonard Cohen en Tony Joe White.

Der sit nochal wat ‘muzyk’ yn myn gedichten (en fansels ek yn ’e liettekstoersettings!), dêrom wurd ik wilens de presintaasje bystien troch de gitaristen Maaike Oosterhaven en Nathaniël van Veenen.

Ik soe it hartstikke moai fine, as jimme, mei jimme eventuele libbenspartner(s), de presintaasje fan Koarde fan ’e tiid bywenje wolle soene! Jimme binne op 19 novimber fan 15.30 – 17.00 oere fan herte wolkom yn:

Doarpshûs Yn ’e Mande
Galemawei 13
te Wjelsryp.

Soene jimme, ta geriif fan ’e minsken fan it Doarpshûs, fóár 12 novimber eefkes oanjaan wolle oft jimme al of net fan doel binne om te kommen? Dat kin troch my te mailen mei: … (namme) komt/komme … (al of net ynfolje) op b.a.oosterhaven@hetnet.nl

Mei út namme fan Utjouwerij Hispel te Loenen aan de Vecht, en hiel graach oant sjen op 19 novimber,
Beart Oosterhaven

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *