Aginda 25-11-17: Sânde Fedde Schurerlêzing

logo.ensafh

Op sneon 25 novimber wurdt foar de sânde kear op rige in Fedde Schurerlêzing holden. De organisearjende partijen binne de Ried fan de Fryske Beweging, Tresoar en it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Alle kearen wurdt der omtinken frege foar in ûnderwerp dêr’t Fedde Schurer him mei dwaande hold. Dizze kear giet it oer skiednis en ûnderwiis. It tema sil wêze ‘Hoe wêzentlik is in universiteit foar in provinsje? Refleksjes út de skiednis yn Fryslân en earne oars wei.’

De komst fan Ryksuniversiteit Grins/Kampus Fryslân en de oanwêzichheid fan oare wittenskiplike ynstituten yn Fryslân wie oanlieding om prof. dr. Willem Frijhoff te freegjen it belang fan dy ûntjouwing yn in ynternasjonaal histoarysk perspektyf te besjen.

Prof. Frijhoff wurke oan binnen- en bûtenlânske universiteiten, it lêst as heechlearaar skiednis fan de Nije Tiid oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Hy jildt as in belangrike grûnlizzer fan de mentaliteitsskiednis yn Nederlân. Syn belangstelling giet yn it bysûnder út nei foarmen fan kultueroerdracht.

Nei de lêzing wurdt diskusjearre. De middei wurdt ôfsletten mei in drankje en in hapke.

De gearsit wurdt holden yn Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert. It programma begjint om 14.30 oere (ynrin fan 14.00 oere ôf). De tagong is fergees.

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *