Cornelis van der Wal

Yn dit lânskip sûnder slokje

logo.ensafh

It moast 6,50 Euro jilde, mar dan hiene jo ek wat, sa like it yn ’t foar: in film oer de Fryske Literatuer, in paneldiskusje oer datselde ûnderwerp, en last but not least: in fergeze buorrel.

Ik haw it oer de premjêre op 09-11-17, yn it ramt fan it Noordelijk Film Festival, fan de koarte film Yn dit lânskip leit myn libben, regissearre troch Halbe Piter Claus en Ismaël Lotz, makke yn opdracht fan Tresoar. De Accent-seal fan de Ljouwerter skouboarch De Harmonie wie moai fol mei grize Frysk-literêre koppen, neist my siet in ferdwaalde Hollânske filmleafhawwer, dy’t neffens my net rjocht wist wêr’t er no wer bedarre wie.

Haadpersoanen yn de film binne respektyflik Hylke Speerstra, Huub Mous en Hilda Talsma. Apart hear, net ien fan trijen is in Frysk literêr skriuwer. Speerstra skriuwt non-fiksje, Mous is in Hollânsktalige keunsthistoarikus en Talsma skriuwt streekromaneftige boeken.
Yn dit lânskip leit myn libben is opboud út moaie bylden mei betiden fernimstige fynsten, lykas it brûken fan in kamera yn in drone, dy’t boppe de Skriuwersarke sweeft. It idee efter de film is dat de trije haadpersoanen in brief oan in ferstoarne Fryske skriuwer stjoere. By Speerstra wie dat de frijwol net mear lêzen Fedde Schurer, Huub Mous hie Anne Wadman útsocht en Hilda Talsma skreau in fiktive brief oan Simke Kloosterman.

Hylke Speerstra

In frijwat forsearre opset, nei myn betinken. Speerstra lies wat fersen fan Schurer foar, en Talsma sei dat se it Frysk fan Kloosterman eins net iens lêze koe, mar se fûn it Simke Kloostermanhûs al hiel moai ynrjochte. Mous hie noch wol wat bestekliks te sizzen oer Wadman. Fierders hie Hylke Speerstra it benammen oer Hylke Speerstra, de opfettingen fan Huub Mous oer it ‘Frysk-wêzen’ wiene foar de lêzers fan syn blog ek wol bekend, en Hilda Talsma wie oer skûtsjes op ’e tekst, wol ’k leauwe.

Tamara Schoppert, de voice-over, wie nammers in bytsje te hastich by it foardragen fan de brûkte gedichten, en de montaazje fan it petear mei Hilda Talsma like my ek net hielendal optimaal.

Geart de Vries, Oeds Westerhof, Jitske Kingma, Koos Tiemersma, Siart Smit

Nei ôfrin fan de film krigen wy de paneldiskusje! Under lieding fan de betûfte Geart de Vries waarden Oeds Westerhof fan LF2018, Jitske Kingma fan útjouwerij Elikser, Siart Smit fan Lân fan Taal en Koos Tiemersma fan Koos Tiemersma ûnderfrege oer ûnder oaren de rol fan de Fryske literatuer yn 2018, it jier fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Europa. Jitske wie lykas altyd entûsjast en fleurich, dat is moai. Oeds sei wol in soad, mar dêr bleau net folle fan hingjen. Koos hie it oer Koos Tiemersma en Siart sei ek in soad, mar my bleau allinnich by dat er mear seach yn literatuer yn Fryslân as yn Frysktalige literatuer. In oanwinst, dat Lân fan Taal!

Mar it slimste moast noch komme: de oankundige buorrel mei hapkes wie der net, in miskommunikaasje mei De Harmonie, sa die bliken. Dat slokje haw ik noch tegoede fan Tresoar.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “Yn dit lânskip sûnder slokje

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *