Aginda 26-11-17: Dichter skriuwt Liet

logo.ensafh

Op snein 26 novimber organisearret Liet, yn gearwurking mei Jan Tekstra, in iepen atelier mei dichters en muzikanten/songwriters. Dat dogge se yn Grand Café De Friesche Club yn Ljouwert.

It skriuwen fan in goeie sjongtekst is net ienfâldich en faak in iensum proses. Om mear ynsjoch te krijen yn hoe’t dat proses wurket, keppelje wurde in tal renommearre Fryske dichters oan in pear goeie muzikanten/songwriters keppele en krije se de opdracht om yn koarte tiid mei-inoar in liet te meitsjen.

De trije groepen geane op ferskate lokaasjes mei harren opdracht oan ’e slach. De earste bliuwt in it kafee fan De Friesche Club, de twadde giet nei “De Bestemming”, in tsjalk oan de Willemskaaie, en de tredde giet oan it wurk yn boekhannel Van der Velde oan de Nijstêd.

It nijsgjirrige is dat it publyk de ferskillende lokaasje besykje kin en sa meimakket/meiharket hoe’t dichters en songwriters mei-inoar in nij liet meitsje. It publyk kin op ien lokaasje bliuwe, mar ek by de oare lokaasje lâns gean. De wurklokaasjes lizze flak yn ’e buert, op rinôfstân fan De Friesche Club.

Nei sa’n oardel oere komt elts werom, presintearje de groepen wat se makke hawwe en giet Jan Tekstra mei harren dêroer yn petear. De dielnimmende dichters/artysten binne: Arjan Hut, Elmar Kuiper, Sigrid Kingma, Robert Dorn, Wiebe Kaspers en Aafke Zuidersma.

Datum: 26 novimber 2017
Lokaasje: De Friesche Club Ruiterskwartier 57, 8911 BP Ljouwert
Tiid: 14.00 – 17.00 oere (doar iepen 13.30 oere)

Boarne: It Nijs

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *