1 reaksje op “Aginda 26-11-17: Presintaasje Abe de Vries ‘Opskuorgebieten’

  1. Skitterjende middei.

    Fannemiddei nei St Jabik west foar the presintaasje fan de dichtbondel ‘Opskuorgebieten’ fan Abe de Vries.
    Fan Ljouwert nei St. Jabik is’t net safier, mar dochs naam ik in ferkearde ôfslach en bedarre fia Minnertsgea yn St. Jabik.
    Der wiene in soad minsken. Abe lêste foar út eigen wurk en oerhannige it earste eksimplaar oan syn âld skoalmaster Jan de Haan. Abe sette sich achter in tafel om te sinjearjen en ik kocht de bondel. Hântekening fan Abe der yn en nei bûten om wat te smoken. Dêrnei tiid foar musyk en koene wy genietsje fan soan Tim my syn fioele. De steande ovaasje nei ôfrin wie folslein terjochte. In útsûnderlik talint! Neist de dichtbondel fan Abe kocht ik ek noch it Banierboekje fan de Dichters fan Fryslân. Beide boeken in oanwinst en in motivaasje om better Frysk te skriuwen.
    Al mei al in skitterjende middei!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *