Teleks: Afûk krijt 180.000 euro provinsjejild foar Fryske boek

logo.ensafh

De Afûk krijt 180.000 euro fan de provinsje foar de promoasje en de ferkeap fan it Fryske Boek. De taken dêrfoar binne earder dit jier oergien fan Tresoar nei de Afûk. De Afûk hat in plan opsteld oer hoe’t se de boeken oan de man bringe sille. It jild kinne se dêrfoar goed brûke. Neffens direkteur fan de Afûk Koen Eekma sit der wer in opgeande line yn de ferkeap fan Fryske boeken. Dit komt ek troch de sutelaksjes by de doarren del. Dat hat in pear jier stillein mar it suteljen smyt hieltyd mear op.

Boarne: Omrop Fryslân

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

3 reaksjes op “Teleks: Afûk krijt 180.000 euro provinsjejild foar Fryske boek

  1. It sil my ris benije, hoe’t it no fierder sil mei dat omtinken freegjen foar de ‘output’ fan ‘e Frysktalige skriuwerij!
    Dit jier (2017) wie der al gjin SWALK mear, mei de dêrby hearrende Frysk-literêre jûnen en in spesjale boekútjefte. Foar SWALK is neat yn ‘t plak kommen. En dy ‘sutelaksjes’ dêr’t Koen Eekma it oer hat, hawwe ús, as skriuwers, ek net yn ‘e wei west.
    Ast it goed besjochst, wurdt langer alhielendal gjin roftberens mear jûn oan it bestean fan sokssawat as in Fryske literatuer en wat oft dy oan ‘produkten’ leveret! Reden foar ûnderskreaune – mar grif ek foar Willem Verf en Ale van Zandbergen (sjoch op http://www.ensafh.nl by LITERÊRE EVENEMINTEN) – om dan mar ta de bûse te gean en séls de presintaasjefeestjes fan ús nijste boekútjeften te organisearjen. Dat fan my, fan ‘Koarde fan ‘e tiid’ (in dichtbondel dêr’t ek liettekstoersettings yn steane), is no-snein 19 novimber yn ‘Yn ‘e Mande’ te Wjelsryp. It begjint om 15.30 oere en der is ek muzyk by.

    Beart Oosterhaven

  2. Wat woest sizze mei ‘hawwe ús as skriuwers net yn ‘e wei west’: hiest graach mei sutelje wollen? Efkes kontakt opnimme mei Ferdinand de Jong, altyd klear.
    En in presintaasje fan in boek, dêr kinst dyn útjouwer by belûke. Of it sels dwaan. Dêr is net folle mis mei, dat is neffens my gjin taak dy’t op it paad leit fan de Afûk. Al soe der mooglik in potsje komme meie foar boekpromoasje dêr’t útjouwers wat stipe út krije kinne foar it organisearjen fan sokke feestjes. In fêst bedrachje per útjouwer, of per boek, as stimulâns om krekt in stap ekstra te setten. Mar in skriuwer moat sels ek op ‘e tromme slaan, ek al fynt er hûndert kear dat er nei it lizzen fan syn literêre aai wol klear is mei it wurk.

  3. Spitich, Beart. Ik hie dy justjes heger hân. Ast in hiel lyts bytsje djipper dolt hiest, bygelyks troch it lûdsfragmint op Oes Omroep, Oes Taal dêr’t dit berjocht fan komt, oan te klikken dan hiest no net skreaun dat Koen Eekma it earne oer hân hat. Dat Oes Omroep, Oes Taal net yn steat is hokker berjocht dan ek mar sûnder flaters wer te jaan (dat hat net iens wat mei sjoernalistyk te krijen) is bekend. Fan dy hie ik ferwachte datst justjes better yn de matearje sitte soest. No is it in reklameblokje foar dyn eigen wurk wurden. Skande.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *