Ensafh, literêr tydskrift
Ensafh, literêr tydskrift

50 cm ø

freed, 5 febrewaris, 2010
Willem Winters

50 cm ø

Fan’t simmer moasten wy dan dochs mar ris Beieren oandwaan, hienen wy tocht. Fertelden wy dat oaren, dan wie de reaksje sûnder mis itselde: Beieren? Koekoeksklokken en bier!
Mar wy lieten ús ein net slûpe, mei in grutte bôge fia Frankryk en Switserlân kamen wy yn Beieren. It lânskip is beslist moai. Men hat der bergen en heuvels. Gelokkich hawwe de kij dêr minder faak bellen om ‘e nekke as yn Switserlân. Dat geklingel is slimmer as de F 16’s thús.
En stêden as Neurenberg en München roppe kjelmeitsjende assosjaasjes op.

Yn München seagen wy in eksposysje fan Thomas Schütte, yn it Haus der Kunst. Beide hawwe megalomane trekjes. Hoewol’t de arsjitektuer fan dit Haus net fan Albert Speer is, hat it wol dy sfear en ôfmjittingen. Arsjitektuer moat ymponearje, wie ek it biedwurd fan Paul Ludwig Troost dy’t hjrmei it earste monumentale gebou fan it Tredde Ryk realisearde. It wurk wie noch mar krekt úteinset doe’t Troost stoar. Hy krige postúm de titel Masterbouwer foar Adolf Hitler.

B 145 Bild-F000899-0005
Haus der Kultur München

Wy wienen ek yn Neurenberg, dêr’t de NSDAP in gigantysk paradefjild en stadion oanlein hie. De benearjende sfear fan de manifestaasjes, sa yngeand filme troch  Riefenstal, hinget dêr noch altyd.
De oanklaaiing en dekôrs fan dy partijdagen wiene fan Speer. Tafallich hie ik in biografy fan him meinaam. Hoe’t er oan it twifeljen rekke oer it mega-tinken? Dat kaam troch helder tinken. De Lieder en syn mannen hienen gearkomst, Speer presentearre alwer in ûnbiedich gebou, mei in plein foar miljoenen en in balkon fier yn ’e hichte.
Dêrwei soe de grutte lieder it folk tasprekke. Dat folk waard redusearre ta in samling spjeldekopkes, ta in massa, dy’t him ta alles manipulearje liet, wat de lieder mar woe. Mar wylst Spear dy útlis joech, stelde ien út it omsittend laach de fraach oft de redenearing ek omkeard wurde koe: dy grutte lieder wie yn it each fan de lju op it plein mar in stipke, in miggestrontsje.

It mega-tinken fynt men ek werom yn de legendaryske Lederhosen. Ik hie tocht om sa’n ding oan te skaffen, want ik hie noch wat te ferrekkenjen mei Andre P. mei wa’t ik yndertiid op skoalle sitten hie. Hy kaam fan fakânsje werom mei echte Lederhosen út Beieren. Ik wie stjonkende jaloersk. Mar doe’t ik yn’t echt seach hoe’t manlju harren Lederhosen rom om it grouwe gat falle lieten, wie it my oer.
Ta beslút: de Beierske schnitzels. Op in jûn koene wy der om hinne en moasten schnitzel ite. Nei in heale liter bier waard er brocht. Ik  hie it mjitlint meinaam: 50 cm ø! En doe kaam healweis de kok ek noch om te freegjen oft de schnitzel wol grut genôch wie.
Beieren? Dêr belibje jo wat!