Aginda 23-11-17: Lêzing Oera Lindaboek

logo.ensafh

Hoe’t it kin dat it mysterieuze hânskrift út de Fryske Kanon yn safolle lannen safolle losmakke hat.​
Yn 1867 waard in mysterieus hânskrift ta bestudearring foarlein oan it Frysk Genoatskip. It wie Cornelis Over de Linden dy’t it hânskrift in oantal jierren dêrfoar krigen hat. It boek beskriuwt dat der al yn it jier 2000 foar Kristus in Fryske beskaving ûntstien wie dy’t as foarbyld jildde foar de beskavingen dy’t dêrnei kamen. Yn de jierren nei de ‘ûntdekking’ fan it boek wie der in soad diskusje oer de autentisiteit en wie men op syk nei de skriuwers. Ek yn it ynterbellum is it boek yn ‘e oandacht kaam en sels frij resint hat der ynteresse west yn it boek. Wat is no krekt dy universaliteit fan it boek?​

Lêzing: € 9,-
Ynlieder: Rutger Hoekstra
Plak: Tresoar
Datum: to 23/11
Tiid: 19.45 – 21.45 uur

Dizze lêzing is de twadde yn in rige fan trije lêzingen oer de Fryske literatuer, troch Volksuniversiteit Fryslân yn gearwurking mei Tresoar.

Lês fierder by Tresoar

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op