Kollum Hilda Talsma: Seurpiten

logo.ensafh

“Twa domme blûne froulju sitte yn in restaurant. Seit de iene: ‘Ik ha in swangerskipstest dien.’ Freget de oare: ‘En, wiene de fragen dreech?’

Wêrom hat in domme blûne frou altyd in lege flesse yn ‘e kuolkast stean?… Foar as der minsken komme dy’t neat drinke wolle.

Dit binne mar twa fan de wol tûzen moppen oer blûne froulju. Fiel ik my oansprutsen? Nee. As de grap goed is, kin ’k der ek noch wol om laitsje en ik fiel my ek net oansprutsen as blûne froulju yn films faak as seksbom delsetten wurde. Ik tink dat it komt omdat ik net in minderweardichheidskompleks ha en my net alles persoanlik oanlûk.

Lês fierder by Omrop Fryslân

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

2
Reageer op dit artikel

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
Benny Holtropjosse de haan Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
josse de haan
Gast
josse de haan

Goeie Hilda/Kollega skriuwer,
folslein mei dy iens. Hjir yn Baskelân ha se ek sa’n swarte man mei Krysttiid en âld en nij. Hy hyt Olentzero. Nimmen jankt of protestearret.
As ik dy wie soe ik as protest it hier swart fervje dizze dagen.
Groetnisse – Josse (Frânsk Baskelân).

Benny Holtrop
Gast
Benny Holtrop

Hie dy man fan Myra eins wol help fan brune minsken? Fan mysels wit ik dat it hiel gewoan wie dat de molkeboer ienris yn it jier in skoftke foar Sinteklaas spile en de smid foar Swarte Pyt. Dy man wie it hiele jier troch al swart fan de yngroeide smoargens. It wie yn de tiid dat je noch mei gemak troch in skoarstien krûpe koenen en dus waarden je swart. De smid hiet Ait, mar begjin desimberdis efkes net. En de Sint hiet fan Ruerd yn it gewoane libben. Makliker wie it net en seker net muoiliker. Wat wòl… Lees verder »