Aginda 07-12-17: ‘Wat-jo-wolle dichtjûn’

logo.ensafh

De Moanne organisearret op tongersdei 7 desimber yn gearwurking mei Tryater de ‘Wat-jo-wolle dichtjûn’. Op dizze jûn sille Arjan Hut, Anne Feddema en Grytsje Schaaf it eksperimint oangean mei it publyk. Wat wol it publyk? Hoe fier gean de dichters? Slagget it om elkenien te jaan wat er wol?

De dichters
Nei oanlieding fan de Tryaterfoarstelling ‘Wat-jo-wolle’ hawwe Arjan Hut, Anne Feddema en Grytsje Schaaf neitocht oer hoe ‘t se it publyk belûke kinne by harren optreden. Tegearre mei it publyk sille de dichters op syk nei de perfekte dichtjûn. De fraach bliuwt: slagget it om elkenien te jaan wat er wol?

Kaartferkeap
Om derby te wêzen, moatst dy gau opjaan, want der is romte foar maksimaal 30 persoanen. De yntree €5,-. Kaarten foar de ‘Wat-jo-wolle Dichtjûn’ binne te krijen fia Tryater.

Wannear: 7 desimber 2017 om 20:00 oere
Lokaasje: Tryater, de Souder; Oostersingel 70, Ljouwert
Yntree: €5,-

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *