Teleks: Douwe syn poes te wiet foar FD

logo.ensafh
 In ynterview mei Douwe Kootstra troch in ferslachjouster fan it Friesch Dagblad oer syn nijste boek, de wiete poes en oare ûnfoege folksferhalen, wurdt net pleatst yn it Friesch Dagblad. De nije haadredakteur, Hildebrand Bijleveld, is fan betinken dat it ferskinen fan it boek net relevant genôch is om der safolle omtinken oan te jaan. Douwe Kootstra fertelt dit ferhaal yn de doarpskrante fan Feanwâlden, Doarpskompas. Hy freget him ôf oft by it FD de tiden fan Hendrik Algra weromkomme. Dy skraste lykas bekend yn de jierren sechstich stikken oer de boeken fan de ‘godslasterlijke auteur’ Gerard van het Reve. “Mij breken beide eikenhouten klompen. Dat dit mogelijk is anno 2017. Met ‘niet relevant’ zal de hoofdredacteur waarschijnlijk bedoelen dat hij de inhoud van De wiete poes niet geschikt acht voor de tere zielen van zijn kleine kudde lezers. Maar zeg dat dan eerlijk.”   Sa skriuwt Douwe Kootstra yn syn kollum yn Doarpskompas.

Jelma Knol

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

3 reaksjes op “Teleks: Douwe syn poes te wiet foar FD

  1. Blykber fielt Kootstra op syn klompen wol oan wêrom’t it Friesch Deiblêd gjin oandacht skinkt oan syn boek. Mar wol eamelje fansels. Syn opmerking oer ‘de tere zielen van de kleine kudde lezers’ seit mear oer him dan oer it Friesch Deiblêd

  2. Neffens Eddy Drost soene de lêzers fan it F.D. net fan erotiek hâlde. Eartiids waard de kat( poes) kniept yn it tsjuster/

  3. Nee Jan Gerben, dat hat der neat mei te krijen. De lêzers nimme net it beslút dat der gjin stikje oer Kootstra’s ‘wiete poes’ yn ‘e krante komt mar de haadredakteur.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *