Geart Tigchelaar

Myn literêr wjerfarren yn Århus en omkriten

logo.ensafh

Op 10 oktober lêstlyn bin ik op ’e fyts ôfreizge nei it lytse plakje Kattrup yn it Deenske Jutlân. Dat leit tusken Horsens en Århus yn sa’t jo faaks al mei Google Maps opsocht hawwe. Dêr ferbliuw ik yn totaal sa’n twa moanne, foar de krystdagen bin ik fan doel en fyts wer nei Ljouwert ta. Ik bin hjir hinne gien om oan myn nije boek te skriuwen, yn Arkje 2.0, sis mar.


It hûs fan ’e famylje dêr’t ik tahâld

No’t ik hjir dochs sit, haw ik my ek foarnommen om my mear yn ’e Deenske literatuer te stoarten. Ik haw de taal yn ’e ôfrûne jierren leard op in sadanich nivo dat ik in petearke oangean kin en it measte skriftlik neikomme kin. Mar in soad aan fan ’e literatuer haw ik noch net.
Noch leaver soe ik yn kontakt komme mei kollega-dichters en -skriuwers om fia harren hieltiten mear paadwiis te wurden yn ’e literatuer. Om dy reden haw ik in mailtsje stjoerd nei it Aarhus Literatturcenter mei de fraach oft hja my dêrby helpe koenen. En dat koenen se, want sa krige ik in mailtsje fan de proazadichter Carsten René Nielsen dat er de saterdeis derop in kuiertocht dwaan soe en dat ik wol mei mocht.
Sa sein, sa dien. Wy hienen der prachtich moai waar by en hawwe ûnder it rinnen fan sa’n tweintich kilometer om Århus hinne hiel wat ôfpraten. Hy wol my graach helpe mei it oersetten fan guon gedichten fan my yn it Deensk. Hy ken wer oare spilers yn ’t literêre fjild dêr’t er my mei yn ’e kunde komme litte wol en soe it in eare fine om sels yn it Frysk oersetten te wurden.


Carsten René Nielsen

Ridlikgau haw ik Tomas Dalgaard troffen dy’t in iepen poadium organisearret yn in boekekafee yn Århus mei de namme Løve’s Bog- og Vincafé en dêr haw ik wylst al twa kear optreden. Beide jûnen wienen hiel ferskillend kwa optredende dichters. Supersmûk tusken de boeken en de sfearljochten en hiel leechdrompelich. Tomas hat as dream dat elkenien wat mei poëzije hawwe moatte soe. Ast dêr in jûn bist, dan hast it idee dat er al in moai ein op wei is om dat te ferwêzentlikjen.


Tomas Dalgaard dy’t foardraacht yn Løve’s Bogcafé

Der stiet noch in optreden yn ’e aginda en in pear ôfspraken mei oare dichters. Ik wol harren ek graach ynterviewe om foar filmkes, in soarte fan koarte yntroduksjes ta Århusiaanske dichters. Sa haw ik al in froulike feteraan út ’e Deenske literatuer mei de namme Annemette Kure Andersen filme en juster haw ik de jonge, frisse mar o sa bedreaune dichter Mads Mygind foar de lins hân.


Mads Mygind

Der bart op literêr mêd in soad yn de stêd dy’t no noch krekt kulturele haadstêd is foar’t takom jier Ljouwert it stokje oernimt. Ik bin benijd hoe’t dat by ús rinne sil en hoefolle oft fan de projekten oerbliuwe sil yn de jierren dêrnei. Deselde Carsten René Nielsen is posityf oer it jier yn Århus. It hat de stêd goed dien en der hawwe in pear moaie projekten west en it hat ek eat op gong brocht dat langer wjerklinke sil nei’t Århus gjin kulturele haadstêd mear is.
Dêr hâldt de ferliking net op, der kin ek in mear persoanlike link lein wurde. Eartiids bin ik foar myn gefoel relatyf maklik yn ’e Frysk literêre wrâld bedarre. Om it koart troch de bocht te sketsen, hie ik in kear as wat in gedicht publisearre yn doe noch Hjir en waard ik dêrnei frege om sit te nimmen yn wat Ensafh wurden wie nei de fúzje mei Farsk. Doe siet ik goed en wol yn it wrâldsje. Sa wolkom fiel ik my no ek yn Denemarken dêr’t ik de iene nei de oare ferskuorrend freonlike poëet tref dy’t my alles wol fertelle wol, dy’t my wiist op oare literêre barrens en dy’t my mear weiwiis meitsje wol yn de literêre scene yn en om Århus hinne.
Ik wurd meinommen in folslein nije literatuer yn dêr’t ik earst allinnich noch mar Hans Christian Andersen fan wist en wat krimiskriuwers waans boeken ferfilme binne. It is nijsgjirrich om sa jins swetten te ferlizzen nei in nij taalgebiet en in nije literatuer te ûntdekken.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *