Jelma Knol

Smoare yn dyn eigen bubbel

logo.ensafh

 

In anekdoate dy’t by ynternasjonale managementkursussen nochalris ferteld wurdt is de folgjende. De sprekker freget it heechoplate managerspublyk oft it wit yn hokker eksportbrânzje Finlân nei it súkses fan Nokia it bêste skoart, sawol kwalitatyf as finansjeel. Meastentiids folget der in lange stilte. Dan komt de sprekker mei in rige nammen en freget er oft immen dy’t de goede brânzje riedt de hân opstekke wol. “RautavaaraMikkolaLintuSibelius…” Djippe stilte ûnder it publyk. “Ik nim de Baltyske republiken no ek mei yn de opsomming,” giet de ynlieder fierder, “PärthLandisbergerTormisRistoJoosten.” Ien bretaaltsje ropt no: “De ICT-sektor.” Mis. It is de muzykbrânzje. Komponisten, diriginten, útfierende musisy. Dêr eksportearje de Baltyske lannen mei súkses in soad fan. Se hawwe in geweldige muzykkultuer, yn it bysûnder ek op koarmêd.

De lêzers fan Ensafh hiene fansels daliks yn de gaten wêr’t dizze anekdoate om gyng. De managerwhizkids sitte yn har eigen ynformaasjebel en komme dêr net mear út. Algoritmes helpe dêrby. Wa’t in boek of cd bestelde by Amazon CS koe it ferskynsel al langer. De keapers fan dit produkt bestelden ek… en sa wurdt jo besteande foarleafde foar in beskaat mêd allinne mar fierder beheind. It ferskaat wurdt sa súksesfol de nekke omdraaid.

Sels bin ik fan jongs ôf oan oerfuorre mei J.S. Bach, Bach en nochris Bach en soms in útstapke nei Händel. Ik fûn it prachtich en noch altyd. Dat wie dus it effekt fan de grifformearde bubbel. Dat ik myn muzikale foarkarren noch wat breed hâlde koe, hie ik hjir yn Fryslân te tankjen oan Muziekhandel Poort. Hearlik omsneupe yn dy oerfloed oan cd’s en dan mear meinimme as eigentlik de bedoeling wie. Fral ek samplers mei ûnbekende muzyk. Froeger joech de boppeste ferdjipping fan V&D deselde sensaasje. Lekker graaie yn de oanbiedingsfakken mei elpees en boeken. Sels mei in lytse beurs koe ik noch beskikke oer in goedfolde boeke- en platekast. Wat is ynternet in earmoed as it der op oankomt. Wurdst hieltyd achter dyn eigen beheinde noas oanstjoerd. Dus leave Jeannette en Sophie van Poort, ik sil jim misse. Jim advizen, gesellige ferhalen en jim goed folde skappen en net te ferjitten dat skattige swarte hûntsje.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “Smoare yn dyn eigen bubbel

  1. Sneupe op Bol.com of Amazon is dreech, en ik sit ek leaver mei de hannen yn in bak mei platen of cd’s dêr’t ik dan op magyske wize (moai hoeske, aparte titel, neam mar ris wat) in seleksje út meitsje. By Bigbadwolfrecords kom ik sa wolris mei in tas fol thús, altyd út de 5-euro of de 1-euro bakken. Yn desimber ek nochris 50% koarting dêrop.

    Poort wie yn ferhâlding altyd djoer, guon pop en rock cd’s leine dêr al sûnt de jierren 90 foar de folle priis. Mar it oanbod oan klassyk en jazz en soundtracks wie altyd de muoite fan oerke sneupen wurdich. En dat hûntsje dat der omspaant, ek sa leaf!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *