Aginda 01-02-18: Grutte Gedichtejûn ensafh yn Neushoorn

logo.ensafh

Bêste dichter/belangstellende!

As poëtysk neigesetsje organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh in dei nei de Nationale Poëzieweek op 01-02-2018 yn Ljouwert de jierlikse Grutte Gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin.

Der binne trije mooglikheden:
– Dichters kinne ien, net al te lang gedicht foardrage .
– Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.
– Gewoan komme te harkjen.

Dichters en foarlêzers kinne har opjaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com

Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal oft de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen.
De dichters wurde fersocht ien fers foar te lêzen en net al te lange ynliedingen te hâlden, dit yn ferbân mei de beheinde tiid.

Om’t foardragen toarstich makket krije de dielnimmers twa konsumpsjes fergees, en dêrneist leit der foar de dichters en foardragers ek noch in spesjaal presintsje klear…

Wêr? Neushoorn. Ruterskertier 41, 8911BP Ljouwert
Wannear? Op 01-02-2018
Hoe let? Fan 20:00 oere ôf

Yntree fergees

Freonlike groet,
Mei út namme fan de redaksje,

Geart Tigchelaar
Edwin de Groot

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *