Teleks: Korrizjearjende tik foar Poepjes, plan kultuerjild moat oars

logo.ensafh

Deputearre Sietske Poepjes moat mei de ynstellingen yn de kulturele sektor wurkje oan in better plan foar in nije ferdieling fan kultuerjilden yn Fryslân. Dat fine de kolleezjepartijen CDA, VVD, FNP en SP, stipe troch opposysjepartijen PvdA, ChristenUnie en 50Plus. Dat nije plan moat yn de rin fan takom jier yn Provinsjale Steaten bepraten wurde.

Deputearre Poepjes krijt mei dit útstel in korrizjearjende tik op de fingers fan de steaten. Dy fine dat sy oant no ta tekoart sketten hat yn it oerlis mei kulturele ynstellingen. Dy kamen koartlyn mei in mienskiplik manifest. De ynstellingen ha grutte noed oer de nije ferdieling fan jilden. Guon ynstellingen binne benaud dat se aanst gjin strukturele subsydzje mear krije. Deputearre Poepjes wol nije inisjativen lykas festivals ek yn de beneaming komme litte foar strukturele subsydzjes.

Boarne: Omrop Fryslân

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op