Blog Lomme Schokker: De ûndraachlike lêsten fan it kwea / in krystferhaal

logo.ensafh

De mannen bewearden dat it foar de kristenen yn dit wetterkâlde lân in bysûndere jûn wie, gjin better dei as krekt hjoed om de kaffirs yn dizze ferklomme stêd te konfrontearjen mei de krêft fan de koran.

Ofrûne dagen hiene Samir har man, de sweagers en dy eange omke oerenlang op har ynpraten. De lange sangere mar troch oer it fereffenjen fan skulden en it rjocht op wraak. Har man en de dikke fertelden oer famyljetrou as ûnwrikber semint foar harren lânseigen ienigens. De omke ferkundige mei flibe om ’e mûle oanhâldend Allah syn beloften op ivichduorjende hearlikheden. Dan wie der ek noch in tredde sweager, de knappe. Dy swaaide mei in pistoal en hie losse hannen.

Lês fierder by Lomme Schokker

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op