Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (12)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw

Foar alle wissigens: de earder publisearre en neifolgjende teksten op dit plak binne dus skreaun troch drs. Arjen H.P. van Tuinen silger. Ik, Cornelis van der Wal, haw allinnich mar de taal behoffene, en bin net ferantwurdlik foar mooglike histoaryske ûnkrektens en oare, net alhiel logysk te ferklearjen saken. Van Tuinen woe ommers op it lêst fiksje skriuwe, min ofte mear basearre op wiere feiten en dokuminten.

Reade wyn en kessens

“Wat tinkst, Lutske,” sa neamde Simke har tsjinstfaam Lucia altiten út ’e gek – it kreaze Rotterdamske famke mei it reade krolhier koe nammers ek al aardich wat Frysk ferstean, mei’t Simke as wenst hie en brûk ek yn har Haachske wente har memmetaal – “sil ik dizze blauwe jûpe aansten oanlûke, of dochs mar de swarte?” Dy jûns soe Simke, tegearre mei har freondinne Clara Wentinck – lyts en fyn, mei in rûn antlit en swart, slûk hier, ôfkomstich út in strang Roomsk fermidden – nei in toanielopfiering yn it Haags Hoftheater fan Bredero syn Klucht van de koe ta. It waard de swarte jûpe, en nei de frijwat teloarstellende, net al te natuerlik aktearre foarstelling hiene de twa dames noch in gleske reade wyn by Simke thús dronken. Har mem, dy’t by har ynwenne, of faaks wie it oarsom, lei yn it sikehûs mei in net al te slimme krupsje, sa’t it him doe noch oansjen liet.

Simke hie in stikmannich etudes fan Chopin op de net alhiel suver stimde glânzgjende swarte piano spile, en kaam doe wer neist Clara op de ribfluwielen kessens fan de bank sitten. Se wiene beide frijwat stileftich. Op in stuit seagen Clara en Simke inoar djip yn ’e glinsterjende eagen en beiden krigen in kaam. Simke glimke en streake sêft de koele hân fan har freondinne.

In wike letter krige Simke in koart brief fan Clara, tige koel en saaklik; se ferstive sawat fan de froastige wurden. “Achte frou Kloosterman. Hjirby ferbrek ik alle bannen dy’t der tusken ús wiene. Ik freegje jo gjin kontakt mear mei my op te nimmen. Gjin mins, jo net en ik ek net, mei dwaan wat God ferbean hat. Mei achting: Clara Wentinck.”

Simke Kloosterman gie ynwindich stikken, mar se hâlde har flink. Lucia waard earder nei hûs ta stjoerd omreden fan dat Simke net steurd wurde woe mei har skriuwwurk. Soks barde wol faker, mar har tsjinstfaam seach har al wat ûngerêst oan, se wie wiis mei har bazinne, tige wiis. Simke har mem, frou Tryntsje Jans Beintema, mocht se net sa lije; it minske hie altyd wat te krimmenearjen en se die frijwat út ’e hichte. It Spûk, sa waard se mûskopjend troch it húshâldlik personiel neamd. Dy beneaming hie grif te krijen mei har spjochtige, bonkerak-eftige ferskining en har net al te ynnimmend, skerp antlit. It seit himsels dat gjinien doe noch wist fan de slimme sykte dy’t Simke har mem stadichoan slope soe.

Simke rûn frijwat ferwezen nei de sliepkeamer en joech har del op it grutte, sêfte bêd. Har holle sakke fuort yn de kessens fold mei dûnsfearren, fold mei Clara har suchtsjen en har leave wurden… Se stoareage nei de grutte kroanljochter, dy’t in bytsje hinne en wer beweegde: it waaide in lytse stoarm bûten. Wie it mar simmer, dan koe se wer mei mem nei Twizel ta.

Tenei mear

Diel 1
Diel 2
Diel 3
Diel 4
Diel 5
Diel 6
Diel 7
Diel 8
Diel 9
Diel 10
Diel 11

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *