Cornelis van der Wal

Nij op ‘e planke Desimber 2017

logo.ensafh

 Poëzij

Beart Oosterhaven
Koarde fan ‘e tiid
Hispel, Loenen aan de Vecht 2017
Ferkeappriis € 12,00
ISBN 9789074516266

Nije dichtbondel Koarde fan ’e tiid, Utsein gedichten steane yn dizze bondel ek liettekstoersettings fan wurk fan sokken as Willie Dixon, Leonard Cohen en Tony Joe White.

Syds Wiersma
Twintig liefdes een Saudade/Tweintich leafdes in Saudade
Frysk en Frij, Ljouwert 2017 (side útjouwer is net aktueel)
Ferkeappriis € 15,00
ISBN 9789085660491

Deze gedichten zijn oorspronkelijk in het Nederlands ontstaan en door de dichter vertaald. De titel en het aantal van eenentwintig is een allusie op de liefdesbundel van de Chileense dichter Pablo Neruda, Veinte poemas de amor y una canción desperada (1924). Waar Neruda eindigt met een wanhoopslied, begint deze bundel met een ‘saudade’, een Portugees woord dat sentimenten oproept eigen aan de liefde: eenzaamheid, verlies, verlangen, gemis. Neruda fluistert mee in de coulissen.

Janna van der Meer
Wêzen
Bornmeer, de Gerdyk 2017
Ferkeappriis € 12,50
ISBN 9789056154219.

Omdat ik wer Frysk praatte, woe ’k fansels ek yn ’t Frysk dichtsje, mar jammergenôch koe ik net Frysk skriuwe. Mei it wurdboek yn ’e hân, die ik myn bêst om mij sa persoanlik mooglik út te drukken. Dat slagge net samar.

Eppie Dam
Koproer
Bornmeer, de Jouwer 2017
Ferkeappriis € 15,00
ISBN 9789056154165.

In kar út de gedichten nei 2000 / Een keuze uit de gedichten na 2000

Eppie Dam (De Pomp, 1953) skreau santjin bondels tusken hunker en huver. Besiele poëzy op ’e grins fan it ferdraachlike. Koproer is in twatalige seleksje út syn wurk fan nei de iuwwiksel. Gjin omkear of in brek mei it ferline, mar de dichter dolde wol djipper en boarre sa noch ûnferwachte lagen oan.

Anne T. Popkema en Anne Dykstra (gearstallers)
Kurvend oer de kromten – Friese Sportgedichten
Wijdemeer, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 14,95
ISBN 9789492052315

Bundels met sportgedichten zijn niet nieuw, maar wat deze verzameling uniek maakt, is dat het om Friese sportgedichten gaat. ‘Fries’ slaat hier niet op de Friese taal. De meeste gedichten zijn in het Nederlands of het Fries, maar ook in het Bildts en in het Leeuwarder stadsdialect.
De opgenomen gedichten gaan over een Friese sport, Friese sporter of sportevenement dat zich in Fryslân heeft afgespeeld. Dat levert een bundel op met een afwisseling van grappige, mooie, verrassende en ontroerende gedichten.

Tsjêbbe Hettinga
Het vaderpaard / It faderpaard 
De Bezige Bij 2017
Ferkeappriis € 49,99
ISBN 9789023459965

De bundel Het vaderpaard / It faderpaard – Alle gedichten omspant het volledige dichterlijke oeuvre van de Friese dichter Tsjêbbe Hettinga. Het boek bevat vele gedichten die niet eerder uit het Fries naar het Nederlands zijn vertaald, waaronder zijn laatste bundel De ring van Gyges, die na Hettinga’s dood werd aangetroffen op zijn computer. Het is een beeldende en kleurrijke bundel over liefdeskoorts en de dood. De laatste twintig jaar van zijn loopbaan trad Hettinga in het buitenland op. Door zijn markante voordracht bereikte hij binnen en buiten onze landsgrenzen een groot publiek. Met zijn vitale en mythische gedichten over hartstocht en verval veroverde hij veel voorname Europese poëziepodia.
Van zijn werk uit de daaraan voorafgaande jaren bestond tot nog toe geen vertaling. Met de uitgave van Het vaderpaard / It faderpaard – Alle gedichten kan de lezer de ontwikkeling van het oeuvre van Tsjêbbe Hettinga volgen, en kennis nemen van het bijzondere werk van een van de grootste dichters van de Lage Landen.

Sipke de Schiffart
Oan dy tinke
Hispel, Loenen aan de Vecht 2017
Ferkeappriis € 15,00
ISBN 9789074516259

Sipke de Schiffart (Longerhou, 1959) wikselt humor, synisme, plompens en oerdriuwing ôf mei tearens en weemoed. Syn gedichten waarden regelmjittich publisearre yn ûnder oaren it literêr tiidskrift Ensafh. Yn 2012 ferskynde syn ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen.

Marije Roorda
In spantou om ‘e tiid
DeRyp, Blauhûs 2017 (side útjouwer net berikber) Link websjop Afûk
Ferkeappriis € 12,00
ISBN 9081581856

Jelle van der Meulen: ‘Marije Roorda (1948) schrijft al jarenlang gedichten en publiceert nu haar debuutbundel In spantou om ‘e tiid waarvan de presentatie eind juni plaats vond. Het is een zeer geslaagde bundel met poëzie waarin die jarenlange ervaring goed te zien is.’

Abe de Vries
Opskuorgebieten
DeRyp, Blauhûs 2017 (side útjouwer net berikber) Link websjop Afûk
Ferkeappriis € 17,50
ISBN 9789081581868

Opskuorgebieten is Abe de Vries syn antwurd op de krisis fan de Frysktalige kultuer: lyryske, klassike, engazjearre en bytiden bitende poëzij oer it Fryslân fan hjoed. Syn ferhearde muze skept in wrâld fan grutte literêre skientme, mar ek fan kultuerkommersy, falende soarch, krimp oan ‘e râne, emigraasje en foaral fan in ferdwinende skriftkultuer. Opskuorgebieten is in manjefike bondel, ûntspruten oan de roppige geast fan in dichter dy’t driging en delgong sjocht mar net belies jout. De Vries pleatst syn komôf en ferline yn eigentiids en takomstich perspektyf en hat mear as oait de macht om wurden dwaan te litten wat er seit.

 

Proaza

Eric Hoekstra (bewurking)
Waatze Gribberts brulloft & It Libben fan Aagtje IJsbrants
Elikser, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 16,00
ISBN 9789463650120

Waatze Gribberts brulloft is in rûch ferhaal oer simpele harry’s. Se sûpe, se frette en se tjirgje har en dochs bedoele se it net ferkeard. Bejubele yn ’e 18e iuw, ôfkreake yn ’e 19e iuw. Wat fine jo derfan, yn ’e 21e iuw?
It Libben fan Aagtje IJsbrants is in humoristysk ferhaal oer pratende pronkjende froulju. It lit sjen hoe’t Aagtje harsels foar de gek hâldt en jout in prachtich byld fan it libben op it plattelân foar de yndustriële revolúsje.

Rozendal, Anders M.
Stosân
KFFB, Ljussens 2017
Ferkeappriis € 16,00
ISBN 9789491971136

Dictus Vlasma en Ina Visser binne mei fakânsje yn Frankryk. Se hawwe al tolve jier in relaasje mar beide hawwe se it gefoel dat de rek derút is. Underweis nei hûs ta komme se op in nuveraardige wize mei in jonge frou yn oanrekking. It is in kreas frommes, mar se hat grutte problemen.
Dictus en Ina beslute har te helpen. Mar dat is net sa maklik. En it giet ek net altyd like sêftsinnich. Boppedat steane de ûnderlinge ferhâldings bytiden op skerp.

Jan Minno Rozendal
Drift
KFFB, Ljussens 2017
Ferkeappriis € 16,00
ISBN 9789491971112

Dokkum – begjin 20e iuw

Noch foar’t de legere skoallejierren foar Nelly op ‘e ein rinne, leit har takomst eins al fêst. Dat betsjut: net fierder leare, mar mem helpe mei de soarch foar de grutte húshâlding. Of oars moat se mar by in boer oan it wurk.

Nelly hat lykwols in heger doel yn ‘e holle, en dreamt oer in takomst, dy’t har út dat nearzige lytse wrâldskje dêr’t se yn libbet, helje sil.

Mar oan har lot is net te ûntkommen: op har ierde is gjin plak foar dreamers. Al besykje guon har fan it tsjinoerstelde te oertsjûgjen.

Hilda Talsma
Slangen ûnder it bêd
Elikser, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 16,50
ISBN 9789089549624

Spannende jeugdroman oer in aventoer mei de klasse yn Amsterdam en in reis nei Suriname, op syk nei in Piipster skûtsje.

Neeltje Bonnema
Reinke
Bornmeer, de Jouwer 2017
Ferkeappriis € 12,50
ISBN 9789056154257

In lytse skiednis fan in grutte frou

De Waadhoeke yn it midden fan de njoggentjinde iuw. Yn in lyts herberchje oan de seedyk wurdt yn 1844 in famke berne. Reinke Heeringa is har namme. Har heit is fisker en kastlein. As Reinke fiif jier is stjert har mem yn it kreambêd. Fiif jier letter trout heit op’e nij.

Hein Jaap Hilarides
De trekker fan Troje
Bornmeer, de Jouwer 2017
Ferkeappriis € 19,50
ISBN 9789056154097

Identititeit, de Fryske saak, leafde en wraak, dat binne de tema’s fan dizze Bildungsroman. Stap foar stap wurket Hilarides ta nei in thrillerachtige ûntknoping.

Friso Wassenaar is lobbyist yn Brussel. Hy wrakselet mei syn identiteit yn it postmoderne Europa. Syn twillingbroer Hero sit op de pleats dêr’t de Wassenaars al generaasjes op buorkje. Heit Klaas Wassenaar is harren foarbyld. Yn 1990 wie hy de lieder fan in grutte boereaksje. It belied fan de Europeeske Uny bedrige de boeren yn harren fuortbestean.

Trinus Riemersma
Libben en dea neffens Jelke Bos
Elikser, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 14,50
ISBN 9789089549891

Satiryske roman Trinus Riemersma mei prakkesaasjes labrador Jelke Bos opnij útbrocht, tagelyk mei de Nederlânske ferzy.

Aggie van der Meer
Anna
Afûk, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € € 19,50
ISBN 9789492176646

De roman Anna spilet him ôf binnen de Roomske sakefamylje Fan it Hof yn de perioade 1880 oant 2005. Yn 1880 sette Aloïs fan it Hof en Jacoba fan Gosliga yn Osnabrück in gruthannel yn stoffen op, dy’t letter útwreide wurdt mei filialen yn Nederlân. Benammen tidens de Earste en Twadde Wrâldoarloch hâlde de famyljeleden har net altyd oan de easken dy’t se harsels as fromme boargers oplein hiene.

Willem Schoorstra 
De nacht fan Mare
Het Nieuwe Kanaal. Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 19,50
ISBN 9789492457110

Mare, santjin jier, iennichst bern, beskerme grutbrocht yn in begoedige húshâlding. Thomas, twaentweintich jier, soan fan in kroechbaas en op ‘e syk nei syn plak yn de weareld. Dat binne de haadpersoanen yn dizze nije roman fan Willem Schoorstra. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock ’n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy’t alles mei ferslaving te krijen hat.

Ale S. van Zandbergen 
Famke famke
Het Nieuwe Kanaal, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 22,50
ISBN 9789492457080

Aam is in famke fan santjin dat net efter de keppel oan hobbelet; se lêst Couperus – yn 2012 – en tinkt nei oer wat se lêzen hat, dreamt har in bettere wrâld. Se wennet mei har heit op ’e Pôle, tegearre allinnich ‘in the middle of nowhere’. By Haije Alkema, har learaar Nederlânsk, hat Aam in fin mear as in bears.

Akky van der Veer 
De reuzen wurde wekker
Elikser, Ljouwert 2017
Ferkeappriis 17,50
ISBN 9789089549754


Yn dit boek besiket Akky van der Veer (1943) al ûndersykjende- en skriuwendewei antwurd te finen op algemien minsklike fragen lykas: Wêrta binne wy op Ierde? Wêrom is der safolle gaos en lijen yn dizze wrâld? Wat kinne wy der meielkoar ta bydrage om de needsaaklike balâns tusken ljocht en tsjuster, tusken goed en kwea, werom te krijen?

Willem Verf 
It sinfol bestean
Afûk, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 19,50
ISBN 9789492176653

Karin en Jitse, beide aardich yn de sechtich, wurde nei mear as fjirtich jier ynienen konfrontearre mei in persoan dêr’t se mei ôfkear oan weromtinke. Wat se mei dy man meimakke ha yn harren studintetiid, is de reade tried yn de besrkiuwing fan de jierren dat Jitse en Karin elkoar kennen learden.

Dy reade tried is yn dizzze roman ferfrissele mei harren libbens fan no: beide binne aktyf yn de polityk, tige maatskiplik belutsen en kieze foar in sinfol lêste part fan harren libben. En opnij soarget dyselde man fan doe foar ûntregeling.

 

 

 

Oersettingen

Klaas Bruinsma (oersetter)
Pégasus, Blomlêzing út ‘e Gryske poëzij
Elikser, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 34,50
ISBN 9789463650168

Pégasus is it mytologyske, wjokte hynder fan de Muzen. Dêr’t syn hoeven de berch Helikon rekken, ûntstie de welle Hippokrènè. Wa’t dêrút drinkt, krijt ynspiraasje om te dichtsjen en te sjongen.
De blomlêzing befettet gedichten fan Grykse skriuwers út in tiidrek fan 27 ieuwen. Dat begint mei in koart fragmint fan Homerus út 750 foar Kr. En beslút mei in moderne dichter út 1950.

AuteurAlexandra Guggenheim, Jacobus Knol (bewurker)
De skilderesse fan de fjoerstoarm
KFFB, Ljussens 2017
Ferkeappriis € 16,00
ISBN 9789491971129

Yn 1654 giet in munysjedepot yn Delft de loft yn.
Tsien jier letter wol it stedsbestjoer in skilderij meitsje litte fan dy grutte fjoerstoarm.
Op oantrún fan har freon en kollega Johannes Vermeer nimt de skilderesse Sara Meulemeester de opdracht oan.
Mar op de moarn dat it skilderij ûntbleate wurde sil, is it ferdwûn… en Sara komt in tsjuster geheim op it spoar.

Kathy Reichs, oersetting Geart Tigchelaar
Koade
Elikser, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 22,50
ISBN 9789089549655

Yn it tredde diel fan de Firalen-searje moatte de Firalen in koade kreakje wêrby’t har libben en dat fan oaren op it spul stiet.

Antoine de Saint-Exupéry, oersetting Syt Bakker-Palma
Nachtflecht
Elikser, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 13,95
ISBN 9789089549969

‘Alles wat Saint-Exupéry fertelt docht er mei kennis fan saken. Dat er persoanlik hieltyd mar weroan yn nuodlike situaasjes in oplossing sykje moat, jout syn boek in autentike en ûnneifolgbere bekoaring. Dit ferhaal bewûnderje ik om syn literêre wearde en om’t it in weardefol dokumint is. Dy beide kwaliteiten dy’t op sa’n ûnferwachte wize gearfoege binne, jouwe oan Nachtflecht syn bûtengewoane betsjutting.’
André Gide

Bert Wagendorp, oersetting Martsje de Jong
Ventoux
Regaad, Grins 2017
Ferkeappriis € 10,00
ISBN 9789082197051

Op 25 juny 1982 ferûngelokket de jonge, talintfolle dichter Peter Seegers op de Mont Ventoux yn it bywêzen fan syn fiif bêste freonen. Tritich jier letter gean sy, fjouwer mannen en in frou, werom nei de Provence. Wat is der tritich jier lyn krekt bard? Kinst weromkomme op eardere keuzes? Wat docht de tiid? Wat ís de tiid? Kin leafde in hechte freonskip brekke? Kin men skuld ha oan it needlot?

Ferskaat

Tineke Steenmeijer-Wielenga, Geart van der Meer
Obe Postma – In libben dat bloeide nei syn aard
Elikser, Ljouwert 2017
Ferkeappriis € 34,50
ISBN 9789089549358

Twillingboek mei yn diel 1 libben, komôf en wurk fan Obe Postma en yn diel 2 yngeande besprekken fan it wurk fan Postma.

Philippus Breuker
Brekizer fan de foarútgong, Nut en nocht op doarpen yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu
Grotesk, Amsterdam 2017
Ferkeappriis € 19,50
ISBN: 9789082576238

 

 

*

Op- as oanmerkingen en oanfollingen kinne jo kwyt troch  ûnderoan dizze side te reagearjen.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *