Henk Nijp

Kieze

logo.ensafh

“Goeiemoarn, wekker wurde lytse jonge! Good morning, you’ve selected English.” Goeiemoarn, yn op syn minst njoggen talen, sa sawat begjint it promofilmke fan KH-LF’18 dat op 1 jannewaris firaal gie op Facebook. En grif ek op ’e oare digimedia.

It filmke nimt ús mei krekt oft wy yn in drone boppe Fryslân fleane. Of yn in luchtballon. Moai útljochte bylden fan it provinsjale erfgoed. Tsjerkeklokken liede en nei sicht op ’e toer fan, ik tink, Hegebeintum, Warkum en Deinum – dêr’t de toer op it stuit dat de fideo opnaam waard blykber noch net wibele – en noch in stikmannich oare tuorren, steane wy yn ‘Leeuwarden’ (sprek dat sa Ingelsk mooglik út), op in plat dak yn it skaad fan de Roomske Tsjerke. It voice-overfamke freget oft wy no al wekker binne en it oandoare en gean Ljouwert yn. En noch wol op de achtste dei. Ja, de achtste. Want ús Leave Hear koe in soad yn sân dagen (wêrfan seis wurkber) mar wy sette hjir mei ús grassroots movement ek moai wat út ’e wei…

Dan folget de hiele trits fan eveneminten dy’t ús dit jier te wachtsjen steane, yn flitsende bylden en hieltyd yn it Ingelsk. Mata Hari, mister M.C. Escher, Eleven Fountains, Giants Royal de Luxe, Tall Shipsrace, King of the Meadows, De Stormruiter, (dat wurdt dan wer net The Stormrider) Joop Mulder fan Sense of Place, (gjin walrus, mar spitich, it grapke giet wat de mist yn), Potatoes go wild, Under the tower, it komt allegearre del.

Ja, 2018 wurdt in prachtich jier, dat mist net. De Plensakopkes stean al moai clean foaroan by de KH-yntree, de fontein fan Dokkum moat noch in skoftke wachtsje en hoe fier it mei de oare njoggen is, gjin idee mar dat sil oan my lizze. De Pauperpimel is yn elk gefal werom, dy stiet der wer klear foar.

It wurdt dreech kiezen út al dat moais. Al ha iksels net safolle ferlet fan de Mata Hari-myte, dat makket de kar al wer wat makliker. Ik sjoch it kulturele dêr fuort net fan yn. Of it moat har dûnsjen wêze, mar dat hie it measte ek net om it liif. Hja hie trouwens ek folslein gjin ferlet fan Ljouwert of Fryslân, dat wat helje wy ús oan… Op ’e ein fan it filmke slacht de brot op tilt, blau skerm, error. Oarsaak: ‘cultural overload…’ As dat mar goed komt! De fideo begjint lykwols op ’e nij. En dan beweart it famke fan de voice-over wer dat ik foar it Ingelsk keazen ha.

Mar hie ik wat te kiezen dan…? Happy Nijjier!

https://www.facebook.com/LF2018/videos/892133577618672/

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *