Aginda 25-01-18: Lêzing oer Joast Halbertsma en syn Lexicon Frisicum

logo.ensafh

Yn it ramt fan Wolkom op ‘e lêste tongersdei fan ’e moanne hâldt dr. Anne Dykstra op 25 jannewaris yn it Provinsjehûs in lêzing oer Joast Halbertsma en syn Lexicon Frisicum.

Oer de lêzing

Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869) is foaral bekend fan de Rimen en Teltsjes, dy’t er mei syn bruorren Tsjalling en Eeltsje skreaun hat. Dat er mei syn postúm útjûne en ûnfoltôge Lexicon Frisicum (1872) oan ‘e widze stien hat fan de Fryske wurdboekskriuwerij, sil grif folle minder bekend wêze. Halbertsma wie mennist dominy, mar hy skreau oer fan alles en noch wat. Dat gie fan de Fryske tsjerke yn Rome oant Fryske en Germaanske folkloare, fan Fryske eigennammen oant âldheidkunde, en fan ‘witte wiven’ yn Oerisel oant it bûdisme. Hy hie eins oeral wol niget oan, mar oan taal it measte, oan syn publikaasjes te sjen. Trouwens, wêr’t er ek oer skreau, de tekst koe samar ûnderbrutsen wurde troch in lange taalkundige útiensetting. Soms hie dy streekrjocht mei syn ûnderwerp te krijen, soms ek mar amper.

Syn brede belangstelling fine wy ek yn it Lexicon Frisicum werom. It is bytiden earder in ensyklopedy as in wurdboek sa’t we dat hjoed-de-dei wend binne. Soks makket it nóch nijsgjirriger as dat it om de taal al wêze soe.

Lês fierder by It Nijs

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *