Teleks: Tresoar krijt 26 meter oan materiaal fan De Tille

logo.ensafh

It argyf fan De Tille is definityf ûnderbrocht by Tresoar. De Tille wie jierrenlang de toan-oanjouwende boekhannel yn Ljouwert fan de famylje Dykstra. Njonken de boekhannel makke ek in útjouwerij en in antikwariaat diel út fan it imperium. It argyf fan al dizze ûnderdielen is freedtemiddei offisjeel oerlange oan Tresoar.

Boekhannel De Tille waard in 1948 oprjochte troch Sipke Dykstra (1913-2002), dy’t al fan 1936 ôf belutsen wie by Kristlik Frysk Selskip. Yn 1999 waard De Tille ferkocht oan de Boekhandelgroep Nederland (BGN) en krige it noch de nammen Selexyz en Polare oant it bedriuw yn 2014 de doarren definityf ticht dwaan moast. By de oerdracht fan 26 strekkende meter argyfmateriaal krige Tresoar ek noch in portret fan Tille-grûnlizzer Sipke Dykstra, in wurk makke troch de ferneamde keunstner Sjoerd de Vries.

Boarne: Omrop Fryslân

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *