Lomme Schokker

Dêr dogge wy it foar

logo.ensafh

De pylderhillige sit sawat twa jier, njoggen moanne, tolve dagen, seis oeren en fjouwerentweintich minuten yn syn souderkeamer trijeheech-foar oan it Saailân op syn stien fan wizen te brieden mar it alles-ferhelderjend ynsjoch dat er sa begearet en dat inkeldris ferskynt as in ribbeltsje oan de sydkanten fan syn bewustwêzen, wie út de flecht wei sa sêft as in suchtsje.

Op de earste dei fan syn pensjonearring hat er bewust de wrâld fan it lytsminsklike ferlitten en him weromlutsen yn syn komfortsône fan in pear kwadraatmeter op it ienrutich souderke, fier fuort fan dy ferrotte mienskip fol kâlde en botte egoskrobbers, njirrige jildgnobbers, achterdehânhâlders, spoekbenaude deadwaners, kaffers en blaffers, keffers en bluffers, kribbekeurige kontkrûpers, bêdriddige liddichgongers, bedimjende mindwaanders, bitsige en hetsige poehawynders, moaiwaarsilers, lekskoaiers en lyntsjelûkers, de op de rêch skriuwende oerwurkútslovers, krinkjesspuiers, ôfsnutere kletslulders, plomkestrikers en pinnelikkers, liddige oerdriuwers, praatsjeferkeapers, beuzige boppedelsjenders, babbelers en rabbelers, stildeunske droechneukers, fodzjende ferlieders, flikfloaiers, rûchbûtsers, sjerpslikkers en rêchopstrikers, de swiertillers en de ûnheilsprofeten, de ûlewappers en de wittenskippers, de betterwitters, de keunstners en de fratsemakkers.

Skjin syn nocht hie er fan it hieltiten wer klearstean en komme moatten, fan it ivichduorjend praten, glimkjen, harkjen, wurkjen, jasizzen, minwaarfytsen, gepiel en gedoch: hy hie him oerjûn en dellein.

En dan bart it. Om 13.31 oere falt der in flechtich skaad oer it antlit. Hy fielt in momint fan ferbjustering. Om 13.56 oere oerkomt him in twadde oerwâldske boppesinlikheid en no docht er wat er yn al dy dagen dêr op syn souderstien net earder dien hat: hy iepenet de eagen. Yn in flits sjocht er bûten foar it rút in grou each mei alle kleuren fan de reinbôge. En it each blinkeret him ta. Hy fernuveret him sels en komt yn aksje. Iepenet it finster. Ynienen wit er, yn it each fan dat Gargantuesk mûnster leit de amorfe massaliteit fan syn mienskip as in lotsbeskikking fan syn eigenheid.

Keunst moat konfrontearje, mar kultuer weromkennen jaan en sa wurdt it wûnder werklikheid: healwei Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd, op freed 17 augustus 2018, om twa oere middeis hinne, is de earste Fries út syn komfortsône skuord. Dêr dogge wy it foar.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

2 reaksjes op “Dêr dogge wy it foar

  1. Yn Liverpool koste it boppe de 2 miljoen euro. om de poppen dêr te krijen.
    CH2018? Ien grutte poppenkast!
    Jild fergrieme!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *