Ensafh, literêr tydskrift
Ensafh, literêr tydskrift

Une Saison en enfer / In Seizoen yn ’e hel

freed, 5 febrewaris, 2010
Arthur Rimbaud

(út de earste titelleaze ôfdieling)

VIII

Assez! Voici la puntion. - En marche!
Ah! Les poumons brûlent, les temps grondent! la nuit roule dans mys yeux, par ce soleil! le coeur… les membres…
Où va-t-on? au combat? Je suis faible! les autes avancent. Les outils, les armes… le temps!…
Feu! feu sur moi! Là! ou je me rende. - Lâches! - je me tue! Je me jette aux pieds de chevaux!
Ah!…
- Je m’y habituerai.
Ce serit la vie française, le sentier de l’honneur!

VIII

Genôch! Dit is de straf. - Foarút!
Aaa! de longen stean yn brân, de sliepen bûnzje! de nacht rôlet my troch de eagen, ûnder dy sinne! it hert … de lea…
Wêr giet it op ta? op ’e slach? Ik bin swak! de oaren rinne troch. It ark, de wapens… de tiid!…
Sjit! sjit op my! Toe! of ik jou my oer. - Skytsekken! - Ik meitsje my fan kant! Ik smyt my foar de fuotten fan de hynders!
Aaa!…
- Ik wen der wol oan!
Dit wurdt it libben op syn Frânsk, it paad nei ear en rom!

(oersetting: Piter Boersma)