Cornelis van der Wal

Kulturele masines

logo.ensafh

Jo sille faaks tinke, Cornelis as ynwenner fan de âlde Ljouwerter binnenstêd, dy sil dochs de feestlike iepening fan de Kulturele Haadstêd wol meimakke hawwe? Ik moat bekenne: ik haw der amper wat fan meikrigen. Al in lyts stikje fan de liveútstjoering sjoen, mar ik bin de keamer útrûn doe’t ik it safolste klisjee oer ‘de Friezen’ oanhearre moast.

It sleauwe 2018-lietsje ‘Seis oere thús’ fan Nynke Laverman en Sytze Pruiksma, dêr’t ik de tige bombastyske útfiering noch heal fan meikrige, is folslein ûngeskikt as ‘meisjongliet’ en it sentimintele klipke lit neat fan Kulturele Haadstêd Ljouwert sjen, it is allegearre greide. Mar sa is Fryslân ommers, oars neat as greide en in stikmannich ûnfersteanber grommeljende boeren dy’t dêr doelleas omrinne…

Genôch!

De poëzijmasine fan Grytsje Schaaf

Metafysika, jo meie my der wol foar wekker meitsje, net al te betiid graach. Lykwols, as ik earne lês dat in keunstner de floeibere grins tusken byld en taal ferkenne wol, dan bin ik daliks ien en al argewaasje en krij ik it soer. No haw ik hjir foar dat lêste tabletsjes lizzen, mar dy lilkens, hokfoar remeedzje is dêr foar te finen? Faaks moatte jo dan nei it plak fan delikt ta. Dat plak is yn dit gefal de hal fan Tresoar, dêr’t in fjouwertal ‘poëzijmasines’ opsteld steane. De keunstner Frank den Oudsten, dy’t ik niis sitearre, hat it konsept betocht. Dichters Eeltsje Hettinga, Elmar Kuiper, Sytse Jansma waarden foar dit projekt frege om gear te wurkjen mei keunstners Kaneli & Smit, Machteld van Buren en Hans Wijnbergen. Grytsje Schaaf wurke allinnich.
Ik bin efkes om de masines hinne rûn. It is apart wurk, soks is moai wis, mar ik leau eins net dat de objekten har thúsfiele yn dizze omjouwing. It beweecht, mear falt der yn wêzen net fan te sizzen. As der al poëtyske teksten opsteane, dan is dat yn trije fan de fjouwer gefallen net te lêzen, ik seach it alteast net. Grytsje Schaaf levere de moaiste masine, dêr kinne jo yn elts gefal noch in stikmannich wurden op gewaarwurde. De oare trije poëzijmasines hawwe folle minder útstrieling.

Metafysyske tinzen haw ik mysels net op betraapje kinnen en myn loftfyts hie in lekke bân.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *