Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Tryntsje van der Veer

logo.ensafh

“It moat net in gewoante of in obsesje wurde, mar ik kin eins net sûnder it skriuwen.”

Tryntsje van der Veer is yn 1960 berne yn Nijegea oan ’e Fluezen. Sûnt 2008 wennet se nei tritich jier om utens wer yn Fryslân. Se wurket as psychiater. Se die in tal skriuwkursussen yn Tresoar (lietteksten en dichtsjen) en hat dêrnei ferskate dichtbondels publisearre. Yn 2009 kaam Binnentún út, in bondel mei 49 haikû’s yn kombinaasje mei foto’s fan Ouke Kooistra en muzyk fan Rob du Jardin op cd. Yn 2010 wie sy gearstaller fan Oer it wetter op ’e weagen fan muzyk en poëzij. Dy bondel waard ek útbrocht mei in cd. Yn 2011 kaam Fan binnen út, ier foarjier – From within, early spring út. Oan dy bondel mei cd wurken Ouke Kooistra en Rob du Jardin ek mei. Sûnt 2013 hat Tryntsje mei tastimming fan de útjouwer Van Oorschot in tal fersen fan Vasalis oerset yn it Frysk. Wurk fan har is ek opnommen yn Fryslân poëtisch palet (2012). Yn 2016 ferskynde de bondel Brieven oan dy – Letters to you, mei cd en tekeningen fan Hendrik Elings. Datselde jier waard de lietesyklus ‘Op ‘e wjukslach fan ’e leafde’ fan Tryntsje op muzyk set troch de komponist Roele Kok. Tryntsje van der Veer wûn ferskate prizen op it mêd fan de taal: yn 2011 de ekstra priis fan de poëzijwedstriid It Winterwaad, yn 2013 de poëzijpriis fan de Keunstmoanne Amelân mei ‘Oade oan it wetter – Ode aan het water’ en yn 2015 in twadde priis mei it ferhaal ‘It sulveren knopke’ by it Mearkefestival Burgum. Yn 2017 wûn se by de Ferhalewedstriid fan it Skriuwersboun de tredde priis foar har ferhaal ‘Oare streken’. Ek wûn sy dat jier in priis by de fotowedstriid fan de Keunstkrite Twizel.

Wat wie foar dy de oanlieding om Brieven oan dy te skriuwen?
Tryntsje: ‘Yn maaie 2016 ha ik in goede wike nei Iona, in eilân yn Skotlân, west. In frou, dy’t ik net hiel goed koe, hie my meifrege. Ik wie alris fan doel om derhinne te gean. It is twa dagen reizgjen en wy ferbleaune in wike yn in kleaster. Alle wiken ha se der in tema. It dêr wêzen is foar refleksje en om alles achter jo te litten. Der is bygelyks ek gjin ynternet. Yn dy twa dagen ûnderweis betocht ik hoe’t ik it dwaan woe mei it boek. Dy wike yn it kleaster ha we meidien oan allegear aktiviteiten. Dêr bûtenom hie elts eigen tiid en op in moarntiid bin ik begûn op myn iPad te typen. Ik woe wat dúdlik meitsje en dit wie foar my de manier. Ik hie it samar helder. De bondel is yn brieffoarm. Ik ha de teksten dêr yn it kleaster fuortdaliks oerset yn it Ingelsk. Letter ha ik in yndieling makke fan: ergens weikomme, ergens wêze en ergens wer fuortgean. Elts skift omfettet sân teksten. Is it proaza of binne it gedichten? De lêzer mei it sizze.
As ik skriuw hear ik ek altyd lûd en ik sjoch ek bylden. Ik sjong yn de Ljouwerter Bachferiening en op 4 maaie, deis foar myn fertrek, hiene we in konsert. We songen in stik dat my de hiele wike op Iona yn ’e holle hingjen bleau: ‘For lo I rise up’, fan V.S. Stanford, skreaun yn 1914, mar útjûn yn 1939. Mei tastimming van de útfierders ha wy dat letter op de cd dy’t by it boek heart setten. It giet oer hope op de takomst en frede nettsjinsteande grut geweld en destruksje.’

Wat kinst sizze oer de foarmjouwing fan it boek?
‘Jitske Kingma fan Elikser, der’t ik oant no ta de útjeftes ûnderbrocht, woe it wol útjaan en geandewei kamen we mear te praten oer de foarm. Ik ha ek in hiel goed kontakt mei de skilder Hendrik Elings. Ik ha him frege oft er wat dwaan woe mei in oantal foarwerpen dy’t ik meinommen hie fan Iona, lykas in stien en in fear. Hy wie reewillich dat te dwaan.
Nei Iona gean is eins in pylgertocht, en dêr makkest ek in pylgerreis oer it eilân. Dan kinst by in baai in stien opkrije, dy fier fuortsmite en in lichtere stien opkrije en meinimme. Ik fyn it hiel moai dat der fan dy stien in tekening is. Ik ha ek in fear meinommen, ik hjit fansels Van der Veer, en hast ek in fear oer it wetter, mar in fear is ek licht en kin sweve. Dêr kinst fan alles by betinke: fûgels en frijheid. Hendrik Elings hat ek in tekening makke fan de kleastergong. Om’t útjouwerij Louise fan Eddy van der Noord neffens my ien fan de moaie boeken fan de lêste jierren makke hat, Stimd Slik, mei teksten fan Hein Jaap Hilarides en skilderingen fan Hendrik Elings, ha ik Eddy frege oft hy de foarmjouwing fan it boek dwaan woe, ûnder betingst dat Jitske it goed fûn en dat wie prima. Sy hat it e-boek makke. Tegearre mei foarmjouster Ankemarije Dam hat Eddy betocht dat it boekje út trije soarten papier bestean moast, mei ek de tekst yn trije kleuren, fan swart, nei goud en read. Hans Wempe hat de Fryske teksten foar de cd ynsprutsen en de muzyk derby makke. Fia Hindrik van der Meer bin ik by David McDonald terjochte kommen foar it ynsprekken fan de Ingelske teksten. It moaiste fyn ik dat minsken dit lêze kinne, dat se it hearre kinne en ek wat sjen kinne. De útnoeging foar de presintaasje wie ek in brief. We ha 23 desimber 2016 in moaie presintaasjemiddei hân yn Nijkleaster yn Jorwert, dêr’t ik alle wiken bin. As minsken it boek lêze jouwe se my ek faak wol in reaksje. It moaiste fyn ik dat minsken sels har eigen ferhaal deryn betinke.’

De hamfraach is: oan wa skriuwsto de brieven?
‘Ik tink dat dat net fêstleit. De ‘do’ yn de fersen is in metafoar. Der wiene ek dy’t seinen dat it fêst oer myn eardere man giet, mar dat is net sa. Miskien giet it dêr ek wol oer, mar net eksklusyf, nee. Ik tocht: asto ergens wei giest en do skriuwst dyn allerlêste brief en dy dochst fuort, dy komt ek ergens oan. En do giest sels ek fuort. Dan is de fraach fansels: wêr komsto wei, wêrom gean je fuort? En: wat wolle jo meinimme? We ha allegear net folle nedich, miskien in bytsje wetter, dan kinst it lang úthâlde. En dan komst ergens oars yn in soart fan braaklizzend lân. Binne dêr minsken dy’t jo ferwachtsje of net? Earst wolle je noch ôfskie nimme fan de minsken dy’t derta dogge. It giet oer dêr’t ik doe yn myn libben wie.’

Wat kinst fertelle oer it kleaster op Iona en dyn ferbliuw dêr?
‘It is in hiel âld kleaster yn in hiel lyts doarpke. Dêr binne alle wiken 45 gasten, fan Nij-Seelân, Australië, Amearika, oeral wei. It hat net ien religieuze achtergrûn. Der is in behoefte by minsken om dêr te wêzen, en it stil wurde te litten. Moarns om njoggen oere en jûns om njoggen oere is der in fiering yn in de Abbey. It doarpke hat in kroech, dus dêr kinne je jûns noch even hinne. By it kleaster binne gebouwen en der is in binnenhôf, mei in kleastergong.
Op Iona kuieren wy in soad. Der rinne wat skiepkes en in pear kij en der stean moaie keltyske krusen. Ik slepte mei myn reisgenoate op in keamerke, mar der binne ek gruttere sliepsealen. Hast petearen oer allegear ûnderwerpen en it tema fan dy wike wie: de twadde helte fan jo libben: ‘Embracing change’. Dat kinst breed sjen. We ieten mei ús allen. En elkenien moast fan alles dwaan, fan it húske skrobje oant iten siede. We ha in boattocht makke nei in eilân dêr’t papegaaidûkers wiene. Der binne ek minsken foar langere tiid yn it kleaster, bygelyks wie der in muzyktiim. Ik ha Brieven oan dy opdroegen oan in jonge fan doe sechtjin jier, Calum Woods, dy’t de wei kwytrekke wie en dêr telâne kaam wie en de prachtichste muzyk meitsje koe. De reis hat djippe yndruk op my makke. Ik skreau dêr mear. Ik ha krekt heard dat it fers ‘The blessing of your eyes’ yn it boek fan Susan Dale, liedster fan dy wike op Iona, opnommen wurde sil. Myn reisgesellin koe ik net goed, mar achternei besjoen die bliken dat wy in soad dwersferbannen hiene, ek hiel tichteby.’

Wat foar reaksjes hast hân op dyn bondel Brieven oan dy?
‘Sietze de Vries van de Ljouwerter Krante hat hjir ek west foar in ynterview. Hy sei dat it him tinken die oan Hadewych’s minnelieten. In oar sei dat it har tinken die oan it wurk fan Hildegard van Bingen. De diriginte fan de Bachferiening Geke Bruining-Visser oertinkt oft sy muzyk by guon parten meitsje kin. Ja, dat fyn ik moai. Elkenien hat syn assosjaasjes derby en dat fyn ik prachtich. Dat makket my hiel lokkich.’

Wat kinst sizze oer de lêste rigels út de bondel?
‘It lêste gedicht yn ’e bondel einiget mei: ‘as the waters cover the sea … let all the earth keep silence before him’. Dat is ek it ûntsach foar de skepping en it stilwurden. Ik besykje hiel geregeld hiel stil te wurden.’

Dochst ek oan muzyk. Do bist lid fan it Kwartettekoar fan Hindrik van der Meer, de Ljouwerter Bachferiening, sjongst mei by Schola Liturgica en sa no en dan mei it Huzumer dûbelkwartet.
‘Ja, mar eins sjong ik alle dagen. Aansen gean ik ek nei Tetsje van der Kooi. Ien kear yn ’e twa wike ha ik sjongles by har. Tetsje is in hiele ynspirearjende frou, in poadiumsjongeres. Ik bin yn myn jeugd begûn mei oargelspyljen, dat die ús heit ek. Letter doe’t ik studearjen gie hie ik earst ek in oargel yn myn keamer. Ik bin dokter wurden en moast op ferkate plakken ko-skippen rinne. Yn myn tiid yn Ynskedee bin ik op sjongles gien. De stimme hast altyd by dy. Ik bin begûn as sopraan, letter waard ik mear alt en no bin ik wer in sopraan. Hiel lang ha ik dat dien, alle twa wike sjonge, ek yn in Keamerkoar. Letter kaam ik te wenjen yn Sutfen en koe ik dat hast net mear kombinearje mei myn wurk. Doe’t ik wer yn Fryslân kaam te wenjen ha ik it wer oppakt. Dat kaam fia it skriuwen. Eppie Dam fertelde de kursusgroep dat teksten fan him opnaam wiene yn in muzykstik dat útfierd wurden soe. Hy frege oft wy dêr mei hinne woene. Ik ha hiel lang tsjerklik ôfdwaald west, dat ik net mear aktyf mei it leauwen dwaande wie. Sa kamen wy mei Eppie yn Tresoar by de útfiering Fan in tút in tintsje bouwe. It stik befette ek prachtige gedichten fan oare skriuwers, lykas ‘Bitterswiet’ fan Tiny Mulder. Doe’t ik dat hearde tocht ik: it kin net oars, ik moat wer sjonge. Ek al bin ik it soms hielendal net iens met dy teksten, it sjongen stiicht der boppeút. Sa kaam ik by it Kwartettekoar fan Hindrik van der Meer. Op dy manier krige ik stikken fan myn skiednis werom. Letter ha ik besletten om yn Fryslân te bliuwen en socht ik in fêst koar. Dat is de Ljouwerter Bachferiening wurden. Ik bin o sa bliid dat ik wer sjonge kin, as dat slagget giet it goed mei my.’

Do giest alle wiken nei it Nijkleaster yn Jorwert. Wat bart dêr?
‘Nijkleaster is in pear jier lyn opsetten. Op woansdeitemoarn is der in fiering fan in healoere. Dat fyn ik hiel moai. Dêr wurdt stilstien, der wurdt in moaie tekst lêzen, faak in bibeltekst. As je stil binne tinke je nei oer dy wurden. Der wurde trije, fjouwer lieten songen en dat is altyd goed en moai. Dêrnei drinke de minsken kofje en dan gean se te kuierjen. Yn it kuierjen bist earst wat yn petear mei-inoar, dan bist stil en tinkst nei en dêrnei kinst ek wer mei ien prate. As ôfsluting wurdt der mei-inoar iten. Elkenien nimt iten mei, leit it op tafel en dielt it. Ik wie dêr op in woansdei en stie wat op in krúspunt yn myn libben. It hat my holpen dêr te wêzen en sûnt dy tiid bin ik der alle woansdeis. Ik kuierje dan net by Jorwert, want ik moat ek wurkje en ha myn ferplichtings, mar ik kom foar de fiering. Myn kleastergongen binne dy fan de finzenis, sis mar. Ik doch dit no hast trije jier. It moaist fyn ik dat je de romte krije om te tinken. Der wurdt net preke. Ik ha besocht myn libben no sa yn te rjochtsjen dat dêr romte foar is.’

Do bist psychiater en hast in eigen praktyk yn Hurdegaryp, de Binnentún.
‘In hiele lytse eigen praktyk en dêr doch ik op dit momint eins allinnich noch beoardielingen op fersyk fan ynstânsjes. Ik bin tweintich jier psychiater en tweintich jier by de oerheid oan it wurk. Ik wurkje by it Ministearje fan Feiligens en Justysje, earst yn Arnhim, as forinsysk psychiater en dêr waard ik al gau liedingjaande, in meiwurkjend foarfrou.
Doe’t ik klear wie mei myn stúdzje psychiatry fûn ik de ferdjipping yn de minsken it meast nijsgjirrich. Dat kinst fine ast bygelyks in rapport skriuwst foar de rjochtbank. Ien wurdt earne fan fertocht en dy hat in achtergrûn. De fraach is oft dat in ferbân hat. As dat sa is, kin de rjochter eventueel help oplizze om it risiko op werhelling te beheinen. Foar in rapportaazje krigest sa’n tsien wike de tiid om mei ien te praten, sa faak ast mar wolst, oantdatst dyn fragen beäntwurde hast, dit as gerjochtlik deskundige. Dêr ha ik in oplieding yn dien en ik jou der ek kursussen yn. Oan ’e oare kant begûn men doetiids, yn 1997 doe’t ik psychiater waard, by TBS-kliniken yn te sjen dat it net goed wie dat ien út de klinyk dalik yn de maatskippij werom set waard. Dêr moat in oergong yn wêze en dus kamen der polykliniken. Ik ha dizze twa wurksumheden, by it MF&J en in nije polyklinyk fan de TBS-klinyk yn Dimter kombinearre. Letter ha ik it MF&J-wurk kombinearre mei wurk by in jeugdklinyk en myn eigen praktyk opset. Fanút it MF&J ha ik as haad ek wurke yn Almelo en fan 2008 ôf yn Fryslân, Grinslân en Drinte, yn kombinaasje mei myn wurk yn Arnhim. Dat is allegear hiel goed beteard. Noch wer letter ha ik it kombinearre mei de funksje haad medyske soarch fan it Pieter Baansintrum. Underweis hast in hiel soad tiid om nei te tinken, op gedichten te sinnen en oer tema’s te tinken.’

Bisto alwer mei nij wurk dwaande?
‘Ja, ik skriuw alle dagen. In soad dingen moatte rypje. Dan pak ik it letter wer op en dan wurdt it wat, of net. Ik ha no hast wat ôf. It Frysk is klear, ik bin no mei it Ingelsk dwaande. De titel fan myn nije boek is Seare moarn. Moarns binne minsken farsk en komme se út har dreamelân. Ik krij moarns de bêste ynfallen.’

Do skriuwst njonken gedichten ek ferhalen.
‘Ja, ik hie no ek mei de ferhalewedstriid wat ynstjoerd. Ik hâld fan ultrakoarte ferhalen, lykas dy fan Nyk de Vries. Ik bin eins begûn mei berneferhaaltjes. Mar doe kamen yntusken de haikû’s del. Dêrfan twingt de foarm, ek de kar fan it ûnderwerp. Oer it generaal komt der by my in idee boppe en dan sykje ik dêr in foarm by. Fan Eppie ha ik tink ik foaral it ritme en lietachtige leard. By Abe de Vries krige ik op kursus wer oare dingen mei, lykas oer de ferbining fan begjin en ein, mar ek de frijheid fan it skriuwen, it wanderjen sis mar.
Bert Looper hold by de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis it laudatio foar Eppie, en doe fertelde er dat er yn 2007 yn Fryslân werom kaam. En dat wie net samar wat, want doe lies er fan Neigeraden it Noarden de slotrigels foar: ‘Neigeraden it Noarden komt in fûgel werom fan syn flecht, bespegelet in man syn ferline en stapt út syn skaad wei, syn natuer yn ’e mjitte, neigeraden it Noarden fierder fan syn doel en tichterby syn bestimming.’ Ik sei tsjin Bert dat ik my dêr enoarm yn werkende. Yn 2007 kaam ik nei tritich jier ek nei Fryslân werom. En Neigeraden it Noarden is in prachtich boek mei in hiel moai omkaft mei yllustraasje. It lei altyd op myn tafeltsje. Earder woe ik nea perfoarst werom nei Fryslân. Neffens my is it goed dêrsto dysels wêze kinst, dus kinst oeral thús wêze. Mar doe’t ik by de notaris foar dit hûs tekene waard ik hielendal waarm.’

Wat is dat dan?
‘Ja, dat is raar. Dat oerkomt je. As psychiater kin ik it net dalik tsjutte, mar it is in soart fan oergefoel fan o wat moai. Ik kom op in soad plakken, ek yn it bûtenlân, mar ik bin altyd hiel bliid as ik diskant wer útryd. Echt in gefoel fan thúskommen. Ik freegje faak minsken yn hokker taal as se yn it bûtenlân dreame. Oft je dan yn je oarspronklike taal dreame of dy fan it lân dêr’t je binne of yn de taal dy’t jo it meast om jo hinne hearre. Dat fyn ik wol hiel leuk. Dêrom fûn ik it moai dat Bert Looper krekt dy tekst oanhelle. Ik ha noch neitocht en praten mei misken oer it ferskil tusken doel en bestimming. Neffens my kinne doelen foar koarte of lange termyn wêze. Dat binne mear punten dêr’t je hinne wolle. Mar ik tink dat bestimming mear jo wêzentlike doel is as minske. Ik tink dat Fryslân foar my dochs in slach mear hat as de rest fan Nederlân. Dêrom set ik my ek sa yn foar de taal. Ik wol net nasjonalistysk wêze of sjauvinistysk of wat dan ek, mar yn dy eigen taal kinne jo je goed útdrukke. It soe in griis wêze as dat fuortgiet.’

Do bist opgroeid yn Ealahuzen. Yn wat foar gesin bisto grutbrocht?
‘Dat hjitte doe noch Nijegea. Mei in heit en mem en in broer en in suster. Ik bin de âldste. Ik bin oant myn tolfde grutbrocht sûnder telefyzje. It wie lêze, lêze, lêze. De bibliobus kaam alle wiken yn it doarp. De earste trije klassen wiene folslein yn it Frysk, mar ik tink dat ik earder Nederlânsk lêze koe as we it op skoalle learden. Us heit hie it timmerbedriuw fan ús pake fuortset, nei syn Ynjetiid, mar hy wie ek altyd oan it skriuwen oer de Twadde Wrâldoarloch. As we ris in dei fuortgiene, dan giene we ergens hinne dêr’t in fleantúch opgroeven waard of soksawat. En wy hiene geregeld Ingelsken, Kanadezen en Nij-Seelanners oer de flier. We wennen oan ’e mar, de Fluezen. Yn dy tiid hiene amper minsken in boat, mar wy wiene geregeld op it wetter, oan it silen. Dus romte en frijheid, mar wol yn in hiel lyts plakje. Ik wie de iennige fan ’e klasse dy’t nei Snits gie om te learen en letter gie te studearjen. We groeiden ek op mei in protte moaie muzyk. Us heit spile alle dagen op it oargel en skreau as byfertsjinste muzykresinsjes foar de Ljouwerter Krante en de Balkster Krante. Ik gie mei him mei nei konkoersen en oargelkonserten. En altyd lêze. Earst woe ik útjouwer wurde, mar bin lykwols earst bibliotekaresse en dokumintaliste wurden. Letter wurke ik yn de medyske biblioteek en wat yn dy boeken stie fûn ik ek wol hiel ynteressant. Ik ha natuerkunde en skiekunde derby leard en waard ynlotte by medisinen. Nei myn doktoraal yn Grins ha ik ko-skippen dien yn Ynskedee en nei in skoft wurkje fan 1993 oant 1997 de oplieding foar psychiater by de Radboud Universiteit dien, mei wurksumheden yn Wolfheze, Arnhim en Apeldoarn. By dat lêste ha ik my talein op persoanlikheidssteurings en fan dêrút bin ik yn it forinsysk wurk fierdergien. Dat skriuwen, sammeljen en katalogisearjen hat my nea loslitten.’

Hoe bist op in gegeven momint wer weromkaam yn Fryslân?
‘Fan it iene kaam it oare. Earst wie der jierren in sylboat yn Fryslân en yn 2007 kaam der in twadde wente by. Letter kamen de fragen fan it wurk, sa as ik ferteld ha. Ik ha besletten te bliuwen, mar ûnderwylst bin ik nei noch in reorganisaasjes weromgien fan in managerfunksje nei meiwurkjend psychiater, no noch 2,5 dei yn ’e wike foar de oerheid, ien dei yn myn eigen praktyk en de rest fan de wurkerstiid besteegje ik oan it skriuwen, de muzyk en it my ynsette foar de taal (www.skriuwersboun.nl en www.eblt.nl).’

Dan hast wol aardich wat tiid foar it skriuwen. Of falt it ôf?
‘Je moatte dissipline ha, mar it slagget my wol. Yn it deistich psychiaterwurk skriuwst in soad, beloopsferslaggen, brieven en dus rapportaazjes foar de rjochtbank. Sa’n rapport kin samar 17-20 siden wêze. It leafst lit ik der in nacht oerhinne gean, dan giet de ballêst derôf. By it dichtsjen skras ik in soad, ik moat muoite dwaan om mear tekst te meitsjen. Fan de fersen yn Brieven oan dy wurd ik wol bliid, want dy koarte stikjes sizze genôch, en dan yn skiften. Dat hat miskien ek wol mei dat katalogisearjen te krijen.’

Wannear bisto begûn mei skriuwen?
‘Ik ha altiten wol skreaun, tink ik. It heucht my noch dat myn gedicht ‘Het lampje’ yn de Lyrische Courant publisearre is. Ik ha noch foto’s dat ik achter de typmasine oan ’e keukentafel sit. Skriuwe moat net in gewoante of in obsesje wurde, mar ik kin der eins net sûnder.’

Wêr wurdst troch ynspirearre?
‘Fan alles, goed om jo hinne sjen. Waarnimme. Of dingen belibje, oanfiele. Ik ha net in foaropset plan. It moaiste is dat je ergens begjinne, oan in toutsje lûke en dat der úteinlik in patroan ûntstiet. Je moatte josels de romte jaan en dan komt dat wol. Soms betink ik ynienen in pear wurden en dat moat wol yn in bepaalde kadâns wêze. Dan skriuw ik dat yn myn telefoan en bried ik der wat op om. Elkenien moat der wol wat yn betinke kinne, dus it moat net te partikulier wêze.’

Hoe is de gearwurking mei Rob du Jardin ferrûn?
‘Hiel leuk! Yn 2008 ried ik hinne en wer tusken Sutfen en Fryslân. Alle kearen betocht ik ûnderweis wol in haikû of twa. Doe’t ik in stik of twahûndert hie gie ik nei Jitske ta en frege ik har oft se dernei sjen woe. Ek frege ik hoe folle ik nedich hie om in boekje te meitsjen. Jitske neamde in tal fan hûndert siden. Doe ha ik tocht de haikû te kombinearjen mei it fotowurk fan Ouke Kooistra. Ik hie fyftich bettere, siet op kursus en Eppie wie reewillich der nei te sjen. Om oare minsken te moetsjen besocht ik it Tsjoch-festival. Grytsje Kingma wie ek kursist en sy stelde my foar oan Rob. Him frege ik as willekeurige bûtensteander nei myn haikû te sjen. Dat woe er wol, ik ha him wat teksten opstjoerd en de oare deis sei er: “Ik hear hjir muzyk yn.” Hie er MP3-fragmintsjes makke mei syn fioele en de piano. Hy regele in studio en yn twa moanne wie Binnentún der, fersen yn haikûfoarm, mei cd. We ha de teksten ynsprutsen, ek yn 5-7-5 sa as de lettergrepen fan in haikû. In prachtich trajekt. Rob wie eartiids as fioelist ferbûn oan it Konsertgebou fan Amsterdam. Hy waard letter psycholooch, dus op fakgebiet ha we ek wol wat konneksje, mar dat wisten wy doetiids net fan inoar.’

Hoe kaamst by de titel Binnentún? Dyn bedriuw yn de Fryske taal, mar ek de praktyk hjit sa.
‘Ik tocht: hoe sil ik myn praktyk neamme? Ik spriek in âlde man dy’t in soad wist fan de skiednis fan Sutfen. Myn hûs hie in tún binnen de stedsmuorren. Hy sei in pear kear hoe moai de binnentún wie, mei fruchtbeammen en blommen. Ik wie der daliks út. Dat is sa’n moai wurd, ‘Binnentún’, want dat is jo tinken. Dat kin feilich wêze, ommuorre, dat kin iepen wêze sûnder dak. Der kinne dingen groeie. Myn logo fan de praktyk hat de namme yn in kaderke, mar der sit in iepening. Foaryn myn earste bondel Binnentún stiet: ‘Finzen en feilich. It wrâldfinster yn tsier. Foar tinzen rom baan.’ En it einiget mei: ‘Feilich ynsletten. De efterdoar justjesoan. Wolkom oan ’e wrâld.’ Dus dêr giet de boel yn bytsje iepen. Dêrnei gie it yn myn skriuwen fierder, laach foar laach.’’

Do hast 24 oeren opsletten sitten yn in finzenis foar it gearstallen fan dyn twadde bondel Fan binnen út/From within. Hoe wie dat?
‘Soms is in ôfdieling yn de finzenis leech en kinne minsken der mei in spesifyk doel soms ferbliuwe. Sa siet ik yn Ter Apel opsletten mei ‘keatpartners’, lykas in finzenisdirekteur, in offisier fan Justysje, plysjeminsken, boargemasters ensfh. Wy besochten ta in bettere gearwurking te kommen, mar wy waarden as finzenen behannele. Jo meie neat meinimme, sels gjin lêsboek. Meist nei de biblioteek om wat te lêzen. Ik mocht al in bloknoat meinimme en hie de teksten foar Fan binnen út by my. Ik ha dêr de yndieling fan it boek makke, as parten fan in muzykstik. Dêr seach ik yn de flier fan de finzenis, in tekst fan Alice in Wonderland ferwurke. Dat ha ik as útgongspunt foar myn boek naam. Der stie: ‘The sun was shining on the sea, shining with all his might. No birds were flying overhead, there were no birds to fly.’ As der gjin fûgels mear binne, is dat in hiel faai teken. Ik ha dit boek twatalich makke, want Fryslân is sa lyts op ’e kaart en it Ingelsk leit der sa ticht tsjin oan, ik fyn it moai dat byinoar te bringen. It opsletten sitten is hiel nuver. Sa seach ik út myn sel troch de traaljes nei it luchtplak. Op de betonflier wie in keunstgersfjild oanlein. In seemok besocht wjirmkes te pikken troch op dat gers te tikjen. Dat waard fansels neat. Ik ferwûndere my ek oer it lûd fan de finzenen. It wie earst hiel drok en letter waard it stil. Ik skreau der it gedicht ‘Ynsletten’: ‘Finzen bin ik dôf, lûd net te bedingjen, muorren sûnder útsjoch kuorje bewarders, frijheid is útsletten, it ljocht bliuwt oan. As de fûgels sliepe, it oanroppen ferstoar wit ik fan tiid en romte, dat boppe it stikeltried in flecht nei waarmte net fêstlein is. Aanst rattelje oan it keatling itenskarkes en kringebakken de dei wer nei de nacht. Tink ik my in strân ûnder dizze himel mei fleantugen op tiid.’ Sjochst dêr altyd de fleantugen fan en nei Skiphol oerfleanen, dat is hiel apart.’

Wêr bist op it stuit noch mear mei dwaande?
‘Ik ha in plan yntsjinne foar LF2018, Kulturele Haadstêd, foar it gearstallen fan in boek oer de doarpen yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Ik gean sels nei al dy ferskillende plakken ta en helje dêr moaie dingen op. Oeral is wol ien dy’t in gedicht of in ferhaal skriuwt of dy’t wat moais makket, lykas in skilderij of in byld. Ik ha bygelyks fotograaf Marcel van Kammen frege oft er de bylden dy’t yn ’e doarpen stean op ’e foto sette wol. Douwe Kootstra helpt by it sammeljen fan de folksferhalen út de doarpen, dy wurde ek oerset yn it Ingelsk. It is de bedoeling dat fan al dy doarpen seis bydragen komme. Op dit momint is hast alles sammele. Takom jier, as it boek klear is, wol ik trije, fjouwer jûnen organisearje mei muzyk en bylden om it wer werom te jaan oan de mienskip. Dan is de sirkel rûn. It projekt hjit Tichterby Tytsjerksteradiel. Net fier fuort, mar tichteby is it tige moai. Litte wy der each foar ha en it beweitsje.´

Sjoch ek op: www.binnentun.nl.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

2 reaksjes op “Fraachpetear mei Tryntsje van der Veer

  1. Ju, wat leuk, Ealahuzen. Wat ha wy dêr in soad lein, dêr foar yn it feartsje by de mar, hast alle wykeinen, omtrint fjirtich jier lyn, mei ús floatsje fan Marrepoarte, 16m3 en sylplanke.

  2. Wat in prachtich ferhaal Tryntsje. Ja ús reis nei Iona hat in protte losmakke en weardefolle kontakten oplevere! Hertlike groetnis Albertsje

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *