(Yn novimber en desimber 2009 en ek noch begjin dit jier hat op ’e ensafh-side it keunstwurk ‘sonnet’ fan Koos van der Sloot stien. Klik hjir. It is eins in byldsonnet, want it is makke fan lege aaidoppen dy’t pleatst binne yn ’e foarm fan it klassike Petrarcaansk sonnet.
De redaksje noege besikers fan ’e ensafh-side út om mei it keunstwurk fan Van der Sloot as formele basis in sonnet yn wurden te skriuwen.
Wy krigen fjouwer ynstjoeringen binnen, twa dêrfan, Ruurdtsje de Haan en Heidi ha har hielendal of hast hielendal oan it foarlizzende skema hâlden.
Andries Miedema hat him al ynspirearje litten ta in sonnet, mar folge it skema, ek it rymskema, fan Van der Sloot net, dat die likemin de fjirde ynstjoerder Ferdinand de Jong en dy naam ek frijheid wat it tal wurdlidden yn ’e rigels oanbelanget.
Alle fjouwer gedichten binne op dizze ôflevering fan ensafh te lêzen.
Kollums
Willem Winters hat op ien fan syn reisfakânsjes yn Beieren west, nettsjinsteande it har troch freonen ôfret waard: koekoeksklokken en bier. Mar it kin fansels net utbliuwe; it megalomane fan it Tredde Ryk lit him jilde en de legendaryske Lederhosen besoarget him in teloarstelling.
Skermer besteget omtinken oan de Nederlânske toanielgroep De Kern en komt út by de kearn fan de keunst en syn eigen kearn.
Poëzybesprek
Koartlyn is nije dichtbondel útkommen fan Eppie Dam mei de yntrigearjende titel Blausucht. Edwin de Groot wijt der in wiidweidich besprek oan. Hy hat op guon ûnderdielen fan de bondel wol krityk mar allesoerhearskjend is de bewûndering foar Dam as master fan de taal. Foar De Groot wurdt it hichtepunt fan de bondel foarme troch de meast persoanlike earste ôfdieling dêr’t de dichter syn relaasje ta tiid en ferline it tema yn is.
It paad fan de Moanne
Piter Boersma skriuwt yn de rige ‘It Frysle literêre libben’ oer ôfbraak en teloargong by it algemien-kultureel opinyblêd de Moanne.
Rimbaud
Wy wolle it net altyd witte, mar men kin der net om hinne, it is altyd it krekte momint om it wurd te jaan oan de Frânske dichter Arthur Rimbaud (1854-1891). Ut syn proazagedicht ‘Une Saison en enfer’ hat Piter Boersma dêrom nûmer acht út de earste titelleaze ôfdieling oerset.








