Sipke de Schiffart

Net jong mear, dus âld

logo.ensafh

leave, do praatst sa maklik
oer hoe goed it giet
en hoe lokkich ast bist

mar leave, ik sjoch rimpeltsjes
by dyn mûle, by dyn eagen,
as in ierpel droeget dyn hûd stadich út

hast it sa troffen yn it libben,
do kenst de wrâld en de wrâld ken dy,
se kinne net om dy hinne

mar leave, dyn hier hat de kleur fan henna,
brûkst mear en mear make-up
en dyn liif wurdt hieltyd skraler

leave, ik hâld fan dy,
mar myn leafde ferskromfelet
stadich, stadich, fluch

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op