Klaas Rusticus

Op dy hichte dêrjinsen

logo.ensafh

Simmerfakânsje 1958.

Vader, Moeder en ik wiene yn it hûs fan Omke Marmion en Muoike Alouette yn Avignon, in treftich doarp fan rike boeren en skipskapteins-mei-pensjoen op it noardlikste puntsje fan it lân.

Jo sjogge dêr alles. Jo kinne hjirre de trein mei jo eagen folgje as’t dy fan Usquert oer Uithuizen en Uithuizermeeden nei Roodeschool ta rydt. Hy fiket him in paad troch it frije, beamleaze lân, lykas in read potlead dêr’t jo in streek mei lûke by in lineaal lâns.

No binne Vader en Moeder werom nei Snits en ik bin hjir efterbleaun.
Ik mei de earste dagen net reizgje: te benaud.
It is wer ris misbeteard, nettsjinsteande it kessen mei seegers dat altyd meigiet op fakânsje.
Hurd rûn of fytst en dan stilsitte, of yn ’e rein rûn en gjin jas oan of wat oars.
Hy hat it wer te pakken’, wurdt der dan sein.
En ja hear, ûnder de wol, boppe yn in keammerke dat net myn keammerke is. Siik.

Omke Marmion jout les nêst de Blüthner-fleugel mei it Aliquot-systeem dy’t ûnder stiet. De klanken fan ’e rjochterhân klinke langer troch; moai fyn ik dat.

Muoike Alouette soarget poerbêst foar my.
Ik ha besite. Thomas is lânskaam. In neef dy’t yn ’e buert as oppasser wurket yn in hûs dêr’t aakliksma’s mei rike âlden ûnderbrocht binne, yn in besykjen harren noch wat fatsoen by te bringen. Jonges dy’t jo wol efter it behang spikerje woene.
Hy sit oan myn bêd en wy sizze net sa’n soad tsjin elkoar.
Einliks neat.

Ik fyn it wol noflik dat hy der is. Aardich ek, hy is op ’e fyts en dat sil noch wol sa’n fyftjin kilometer wêze. Fyftjin kilometer hinne en dan ek fyftjin kilometer werom wolteferstean.
Om earlik te wêzen bin ik bliid dat Thomas der is, want der hinget yn dit hûs in aparte sfear. Ik kin it der fakentiids net rjocht fine en dat komt omdat Muoike Alouette nuvere dingen tinkt yn ’e holle en ek nuvere dingen seit. Tsjin my ek. Sy hat my ris in brief stjoerd fan wol fyftich kantsjes, dêr’t allegearre nuvere dingen yn stean. Teminsten dingen dy’t ik nuver fûn.
Moeder sei dat ik dy brief oan har jaan moast en dat ik mar better ferjitte koe wat Muoike skreaun hie. No bin ik wol it ien as it oare wend yn ’e lange jierren dat Omoe by ús yn ‘e hûs wenne, mei har prommeljen en sa, mar dit is ek nuver, wylst it ek noch ris oer God en de Heare Jezus giet.
As haw ik dêr al net genôch oer heard en lêzen en gedoente mei hân.

Dizze kear is it allinnich oars: Muoike sjocht nei my op in nuvere manier, fyn ik. Se hat no al in stikmannich kearen foar my bûgd of yn elts gefal har holle sa nuver hingje litten dat it op in bûging like.
Ik begryp hielendal net wêrom’t hja dat docht. As se nei boppen komt op it keammerke dêr’t ik lis, mei bygelyks in kopke tee of in buordsje maizenabrij, dan set se dat op in stoel nêst it bêd, sadat ik der by kin as ik rjochtop yn ’e kessens sit. En se docht dat, ja, hoe sil ik it sizze, mei in soarte fan earbied. De lêste kear rûn se ek efterút nei de doar, draaide har doe hastich om en ferdwûn nei de oergong. Ik fyn dat raar en ha Thomas der oer ferteld. Hy sei: ‘Ja, ja, ús leave Hear hat nuvere kostgongers’, mar dat fyn ik te maklik, dat er sa besiket him der ôf te meitsjen. Dat komt omdat hy it noch net meimakke hat en faaks leaut dat ik it optink. Of dat ik dat tink omdat ik siik bin. Koartsige prakkesaasjes of soksawat. We hawwe it der fierdersoan net mear oer hân. We hearre de learling op ’e fleugel Czerny spyljen of Burgmüller, Diabelli, Duvernoy of Cramer, dy kin ik net útinoar hâlde, alhoewol’t ik dy muzyk hiel goed ken út Vaders leskeamer.
Tusken de pianolûden troch heare we fuotstappen op ’e treppen. Muoike Alouette komt nei boppen ta, mei in kopke tee foar ús beiden.
Ik doch as sliep ik’, lústerje ik nei Thomas. Hy knikt en fersit efkes.
Ik bin yn in ûnrêstige sliep fallen as Muoike de doar iependocht en foarsichtich de keamer ynstapt. Yn har hannen draacht se in bledsje mei twa kopkes derop en in pantsje mei weiten koekjes. Tink ik.
Noch foarsichtiger set se it bledsje op ’e stoel nêst myn bêd. Dan rint se nei de doar en bliuwt dêr stean.
Hy sliept’, lústeret hja, ‘dat is goed. It is goed dat de Master sliept.’
Jo kinne de ferheardens yn Thomas syn stimme heare. ‘De master, muoike?
De grutte Master, Thomas. Dit is in wichtich en in tige grut eagenblik foar dy, foar ús beiden. Faaks wol foar de earste kear stiest do no each yn each mei dyn Heilân.
Myn Heilân?’ Thomas syn stimme klinkt in bytsje heas. ‘Myn Heilân, Muoike?
De Heare is yn de Persoan fan dizze Jonge oan ús ferskynd. Ik ha dy roppen by dyn namme. Do bist Mines. It is noch mar krekt trije jier ferlyn dat Hy de Fariseeërs en de Skriftgelearden ûnderrjochte yn ’e timpel. Ik haw ûnder jimme wenne.
Ofsjoen fan myn piipjend en kreakjend, ûnrêstich sykheljen is it stil.
Thomas sil no wol nei de grûn sitte te sjen. Of nei Muoike. Of nei my. No heart er it sels.
En wat Him noch te wachtsjen stiet, Thomas. Earst de fersikings yn ’e woastyn en dan… no ja, we witte it allebeide.’ Har stimme wurdt ûnwis, begjint te triljen.
En dêrom is it goed dat Hy sliept. Miskien dat Hy Him no wol tichte by Syn Himelske Heit wit.
Myn holle draait fan rjochts nei lofts op it kessen en fan lofts nei rjochts. Ik bin ûnrêstich, mar wurd net wekker.
Faaks hat Satan Him no al yn ’e rekken, de Earme’, lústeret Muoike heas, ‘witsto
Thomas, eltse jûn gean ik op ’e knibbels en freegje ik de Himelske Heit oft ik net in stikje
oernimme kin fan itjinge al op Syn Skouders rêstet, sadat Hy net mear sa nei de siken
hoecht te hymjen. Want it is slim hear, om oansjen te moatten dat sa’n Jonge mar gjin
azem krije kin en Him draait en draait yn bêd en jo neat dwaan kinne. Neat! Ik kin, nee,
ik mei net ferwachtsje dat Hy al ús sûnden op Him nimt. Dêr is er te swak foar.
Ik haw it lang yn my omgean litten, bin no út ’e rie en sil de straf drage dy’t op Him is.
Ik haw it opskreaun, it wie in dreech beslút. En dat alles fanwegen ús skulden.
Lykwols, Hy hat ús kwalen op Him nommen, en ús smerten, dy hat Hy droegen. Om ús
oertrêdingen is Hy ferwûne, om ús ûngerjochtichheden is Hy ferbrizele. De straf, dy’t
ús de frede oanbringt, wie op Him en troch Syn striemen binnen wy genêzen.’
Se is nei it finster rûn en wringet de hannen yn wanhopigens, knettet har de prangjende boarsten.
Hy is fan ivichheid oant ivichheid, Thomas, en as wy ús knibbel net foar Him bûgje, sil Hy op ’e nij nei Golgotha ta moatte om alles nochris in kear troch te meitsjen. Omdat wy net harkje woene nei Syn Stimme! Tink dy ris yn: alles noch in kear! En dan moatte wy mar ôfwachtsje oft der dan wer in Peaske komme sil, oft dan de stien foar it grêf wer fuortrôle wurdt en de Emmaüsgongers Him op ’e dyk moetsje sille. Dêr kinne wy dochs hielendal net wis fan wêze? O, dy tamtaasje dy’t my it bloed yn ’e ieren bûnzjen docht, dy ûnwissichheid dy’t my de siken beset! Sá tichte by de Hear en neat dwaan te kinnen, net yngripe te kinnen yn it barren. Want ik sis jimme: dizze dingen moatte barre sadat it Heil ûnder de folken fernijd wurdt.
Ik hear it piipjen fûler wurden, by eltse sike bin ik benaud dat ik it net rêde sil.
It skuorret, it skrabet en gnjirret en ik klap myn holle hinne en wer op it kessen.
It is as stean ik yn in masinefabryk, mar it is myn eigen liif.
Ik hear Muoike praten en har floed fan wurden komt net ta in ein, hja seit mear wurden as dat ik ferstean kin, mear wurden as dat ik telle kin. Hja is ek ophâlden mei lústerjen en praat no mei in heaze stimme. Ik wit net mear tsjin wa’t se it hat, want Thomas sil net mear harkje. Dy sit no mei grutte eagen alhiel ferbjustere nei Muoike te sjen, mar Muoike stoarret ta it finster út en sjocht Thomas net mear op syn stoel.

Kommende Goedfreed, as de tsjerken fol sitte mei skuldbewuste leauwigen, dy’t de holle bûgje wylst hja weet hawwe fan it ferried, fan de Judaspea en al datjinge dat dêrnei kaam, op dy Goedfreed kliuwt Muoike Alouette de souder op en stjert de krúsdea.
It wie har tiid en hja hat dien wat se fersein hie, al wie it mar lyts.
Hja kaam tuskenbeiden yn it tiidsbarren om it my net te swier te meitsjen en my wat wurk út hannen te nimmen.
En dat is yn ’e himel net ûngemurken bleaun.
Hja wie wolkom.

N.B. de Fryske Bibelteksten komme út de oersetting fan Dr. G.A.Wumkes wei, yn 1943 útjûn troch it Nederlandsch Bijbelgenootschap yn Amsterdam.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “Op dy hichte dêrjinsen

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *