Lomme Schokker

Tút en der út

logo.ensafh

In buertkafee op in lette sneintemoarn yn Ljouwert. Myn man, oerdeis kronykskriuwer fan Fryske fiten en nachts master fan it kroegekadaster -syn wurden, net mines-, skûlet ferlern en rûch om it kin yn in hoekje. Der sit net folle libben yn him, hy liket krekt sa ferslein as it flutsje bier yn syn steapelglês.
‘Ik bin skjin tenein, leave, sa wurch!’ Hy knypt in swart sjekje tusken de fingers út en sjocht my lamliddich oan. ‘Oerdeis gjin rêst en nachtenlang net sliepe, dy fleanende drokte, it iene nei it oare, al dy minsken en dat lûd! It fljocht my oan!’
‘Och jonge, noch mar in pear wike Kulturele Haadstêd fan Europa yn en it is dy nó al te folle?’
‘Genôch is genôch!’
‘Dat ik dy hjoed al wer mei werom nei hûs ta nimme moat. En it is wol sa moai! Underweis tusken Almere en Lelystêd kaam ik by dat útlitplak foar manlju al it earste Frysk yn de iepenbiere romte tsjin: Tút en der út. Kreas dochs? Fierderop by Sint Nyk seach ik in ko mei in tekst fan ien fan de Hettinga’s: Bin ik de rjemme fan it tiidleas bern? Dêr moatsto dy dochs by thús fiele.’
‘Ja, mar hjir yn Ljouwert is it alle dagen duveldei.’
‘Wat duveldei! De skoalbern hawwe allegearre heskes mei Fryske siswizen, it bedriuwslibben rjochtet út eigen inisjatyf in fûns op foar oersettingen fan al jimme literêre wurken, de Ljouwerter hat ynienen jild foar fjouwer Frysktalige ferslachjouwers en it FD giet dêr oerhinne mei fiif fte’s, in crowdfundingaksje fan it FLMD hat al pear ton opsmiten genôch foar tsien nije literêre prizen, alle minsken yn de Wmo krije in gouden guozzefear om Frysk mei te skriuwen en do hast der skjin genôch fan?’
‘Ik kin it wurd ‘kultuer’ net mear hearre! It hinget my de strôt út!’
‘Ja mar, alle minsken dy’t sa bliid binne, alle…’
‘Skjin genôch!’ Hy drinkt it lêste bier, walget derfan en wol der gjin mear.
Ik besykje it noch ien kear, it wie thús wol sa noflik sûnder him. ‘Sjoch dan nei it ferskaat oan aktiviteiten, wat wolst noch mear? Fan tekkenhaakjen oant Fryske hynders, fan jirpelskilen oant en mei it grutte skriesteater, fan…’
‘Praat my der net fan. Alles went behalve in event.’ Hy pakt syn jas en stekt de holle ûnder syn Stetson.
‘No, ast Hollânsk begjinst te praten dan moatte wy mar op hûs oan.’
Myn mantsje jout him foaroer en besiket my yn de eagen te sjen.
‘Dyn tút en dan der út! Einlings wer ta mysels komme.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *