Teleks: Dit binne de gadingmakkers foar de Streektaalpries 2017

logo.ensafh

It Dagblad van het Noorden hat de gadingmakkers buorkundich makke foar de Streektaalpries fan 2017. Dy wurdt útrikt foar de bêste streektalige produksje yn twa kategoryen: proaza en poëzij is de foarste, muzyk en toaniel is de twadde.

Yn ‘e kategory proaza en poëzij binne Jannie Boerema mei Leeive Lieve Eva, Rouke Boersma mei Drentse Letteren en Leny Hamminga mei Lena yn ‘e ommenaasje foar de priis.

Op it mêd fan ‘e muzyk en toaniel binne de gadingmakkers Harm en Roelof mei de cd Daor stiet je fiets, teatergroep Waark mei Menalda vetes en Krzysztof Groen mei Noar de volgende ronde.

Wa’t de prizen krije, wurdt op snein 15 april buorkundich makke yn teater Van Beresteyn yn Veendam. De sjuery dy’t deroer kediist, bestiet út Eric van Oosterhout (boargemaster fan Emmen), Jannie Kuipers (bibleteek Emmen), Geesjen Doddema (redaksje Toal en taiken), Ingeborg Nienhuis (eardere streektaalfunksjonaris Grinslân) en Tonko Ufkes (skriuwer).

Boarne: It Nijs

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *