Teleks: Dichtwedstriid Fryske Akademy

logo.ensafh

Yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018 skriuwt de Fryske Akademy in dichtwedstriid út. De gedichten meie gean oer de Fryske Akademy, oer harren meiwurkers, wittenskippers, útstrieling, oer wat de Fryske Akademy docht, it gebou, de tún, of wat ien mar mear betinke kin. Om’t LF2018 ek om Fryslân giet, meie der ek gedichten ynstjoerd wurde dy’t dêroer geane en fansels mei ien en oar ek kombinearre wurde.

Sjoch foar mear nformaasje by de Fryske Akademy

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

5 reaksjes op “Teleks: Dichtwedstriid Fryske Akademy

  1. De Fryske Akademy wol graach poëzij oer harsels as dekoraasje yn de tún ophingje, mar it mei net te folle kostje. Se wolle tsien nije gedichten ha, mar inkeld trije “priiswinners” sille in fergoeding krije foar harren keunstwurken.
    Ien dinerbon en twa VVV-bonnen foar tsien dichters: safolle mei Fryske literatuer dus kostje fan de Fryske Akademy.

  2. Grut gelyk, André. De Akademy sjoch de Fryske literatuer blykber net foar fol oan…

  3. Wat in ûnsin, manlju, sizze jimme dat oer eltse dichtwedstriid? It is dochs gewoan in leuke aksje yn it ramt fan Kulturele Haadstêd? Typysk, dat der altyd wol wat te kleien is. Wolle jimme no omtinken om it Frysk of net?

  4. Bêste Janine,

    tank foar jo reaksje. Soene jo tenei mei jo folsleine namme reagearje wolle? Sa dogge wy dat hjirre.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *