Blog Jaap Slager: Zeg kaas

logo.ensafh

Kenne doch ik de man net. De yndruk dy’t ik op dit webstee wat krige haw, is dat er mient in fin mear as in bears te hawwen, en bytiden wat in bekkert is. Myn eigen biedwurd is mear fan ‘earst tinke, dan dwaan’. Dat … mij hat men gjin kloaten oan as it der op oan komt, seit de frou, want fan dat ‘dwaan’ komt komselden wat op ’e hispel. Ik bin skielk de alderearste dy’t him dea prakkesearret, mient se mar wakker. Nee, as it oankomt op bolwurken opsmiten tsjin de ûntfrysking, is hja fan betinken, dan moat dat al komme fan mannen as Kerst Huisman.

Lês fierder by Jaap Slager

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1 reaksje op “Blog Jaap Slager: Zeg kaas

  1. Eric Hoekstra skreu: In taal kin net sûnder nasjonalisme.
    No, dat is net sa.
    It is earder sa dat it Fryske nasjonalisme de ferbettering fan it Frysk op skoalle en strjitte yn ‘e wei stiet.
    Minsken dy’t stribje nei in Fryslân los fan Nederlân roppe in soad ergernis op en libje net yn in realistyske wrâld. De Fryske taal krijt dat dan op ‘e bôle. Ophâlde mei dy flauwekul.
    Útsein Huisman, Jaap Slager en konsorten sit net ien dêr op it wachtsjen. Fansels binne der mear fan sukke dreamers, mar as der op in ynwenner tal fan 650.000 yn Fryslân 10.000 binne skat it it al heech yn.
    De Fryske taal is better ôf sûnder nasjolisme. Lit Kerst Huisman, Jaap Slager en konsorten mar de strjitte op gean. 640.000 minsken yn Fryslân en 16 miljoen Hollanners laitsje harren dea.
    Hawwe wy yn 2018 dochs ek noch wat wille.
    Better in fisk mei in fin, dan in fisk sûnder fin, dy’t net swimme kin.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *